Categorieën
Humor

WERGEA BY NACHT

Ja, krekt sa’n pisbak stie eartiids ek yn’e Redúster buorren njonken de beukerskoalle; as jonkje pisse ik der wolris yn, as wy boarten op it plein foar de beukerskoalle. Doe’t wy jûn by Jan ite soene, seach ik it hokje stean, wy hiene de auto der net fierôf parkeard. Ik haw der efkes yn snúfd, mar it rûkte net sa as yn Reduzum. Der wurdt blykber net in soad mear yn pisse. No mar hoopje dat de gemeente Ljouwert him stean lit.

Liuwe van der Meer