Troch Jacob Stelwagen op Omrop Fryslân
Hûseigeners yn de gemeente Waadhoeke betelje de measte wenlêsten yn Fryslân. Wa’t yn in buorgemeente wennet, betellet sa’n 200 euro minder.
Om krekt te wêzen: in hûseigener yn Waadhoeke betellet dit jier neffens ûndersyk fan de Vereniging Eigen Huis (VEH) gemiddeld 980,10 euro oan wenlêsten oan de gemeente.
It ferskil mei buorgemeente Harns is hast twahûndert euro, it ferskil mei Ljouwert is sels noch grutter. Dat sit him benammen yn de folle hegere rioelheffing yn Waadhoeke.
“Net te fergelykjen”
Wat de ûnreplikgoedbelesting (ozb) oanbelanget, sit Waadhoeke net folle heger of leger as oare gemeenten.
“De rioelheffing makket it ferskil”, seit wethâlder Kees Arendz. “Wy fertsjinje dêr neat oan, dat mei net iens, mar wolle der ek net by ynsjitte. Wy binne in útstrekte gemeente mei in soad kearnen. Us rioelstelsel is dêrom net te fergelykjen mei dat fan in stêd as Harns of Ljouwert.”
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17246753/wenlesten-yn-hast-alle-gemeenten-omheech-sjoch-hjir-hoet-it-by-dy-is