Op de lunchbijienkomst ôfrûne 7 desimber yn Easterwierrum waarden de útkomsten fan it projekt De Bioboer Centraal troch de Ferieniging Byologyske Boeren Fryslân presintearre. It giet om bioferskaat en fiedsel-produksje yn it lanlik gebiet. Gasthear wie de maatskip Nauta, in biologysk feeteelt-bedriuw oan de Tsjerkebuorren 9. Der waard oandacht frege foar de wichtige rol dy’t biologyske boeren spylje kinne yn it trochbrekken fan de stikstof-ympasse en it befoarderjen fan in ekologysk ferantwurde manier fan buorkjen. It is goed foar it bioferskaat en foar de greidefûgels.
Ynhelslach te meitsjen
Dêr’t Denemarken en Eastenryk mei 25% biologyske lânbou yn Europa fier foarop rinne, bongelt Fryslân mei 4.4% fier achteroan. It stribjen fan de Europeeske Uny yn 2030 is om 25% biologyske lânbou te hawwen en foar Nederlân is dat persintaazje 15%. Wat is de reden dat soks net goed fan de grûn komt?
Biologyske produkten yn de kantine
In oantal praktyske praktyske suggestjes dy’t ûnder de diskusje nei foaren kamen:
- Biologyske boeren moatte harren produkten direkter oan de man bringe, sadat de produkten hast like djoer binne as dy fan de reguliere lânbou yn de winkel.
- Ek soene oerheden lyk as provinsje en gemeenten en skoallen biologyske produkten yn harren kantines oanbiede moatte.
- Mear wurdearring en mooglikheden iepenstelle foar boeren dy’t de oerstap meitsje wolle is wichtich.
Greidefûgels komme werom
Nei in lunch mei biologyske produkten krigen de dielnimmers in rûnlieding oer it bedriuw. Foar in part wurdt mei in potstâl wurke. Dat smyt rûge dong op dy’t just foar greidefûgels sa geunstich is. Ek it wetterpeil is omheech brocht en der binne plas-dras gebieten oanbrocht. Op mear as tsien hektare lân fan it bedriuw binne wer in soad greidefûgels te finen. Der is ek rju oar fûgel-libben yn it lân. No yn de winter seach ik in bulte merkels en reidhintsjes.
Hoe kinne wij it lânskip en de natoer helpe
Wolle wy ús natoer fuortsterkje, dan sil it biologysk buorkjen in folle prominenter plak ha moatte. Soks kin allinich, as minsken ek hieltyd bewuster biologyske produkten keapje. Dan helpe we net allinnich de boer, mar ek it lânskip.
Foar mear ynformaasje, sjoch: www.fbbf.nl
Wiebe Hoekstra, riedslid FNP De Fryske Marren
Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/de-fryske-marren/biologyske-lanbou-trochbrekt-stikstof-ympasse/