Troch provinsje Fryslân
De Fryske winkelgebieten hawwe de ôfrûne jierren in yngripende transformaasje trochmakke. Ut it Keapstreamûndersyk Fryslân 2024 docht bliken dat winkelgebieten yn de provinsje har oanpasse oan nije trends lykas de opkomst fan online winkeljen en feroarjend konsumintegedrach. De grutste útdaging: it behâlden fan fitale winkelsintra troch mear klam te lizzen op belibbing, moeting en rekreaasje.
It ûndersyk, útfierd yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, folget op eardere befinings út 2017. Eartiids wie der sprake fan in groei fan it tal winkelmeters (+13%) en waard foarsein dat de opkomst fan online shoppen in groeiend effekt hawwe soe op de fraach nei fysike winkels. It advys doedestiids wie om maatregels te nimmen tsjin leechstân en winkelgebieten oantrekliker te meitsjen troch yn te setten op de Fryske identiteit en it ferbetterjen fan de iepenbiere romte.
Wichtichste befinings fan 2024
Tusken 2017 en 2024 hawwe der ferskate wichtige ûntwikkelingen west. It online ferkeapkanaal is de ôfrûne jierren flink groeid, benammen yn sektoaren as elektroanika en moade, dêr’t no mear as 30% fan de oankeapen online bart. Dat hat laat ta in krimp yn it tal winkels en winkelmeters. It totaal oantal winkels yn Fryslân is sûnt 2017 mei 637 ôfnaam, wat delkomt op in fermindering fan 15%. Dochs binne der positive resultaten: de leechstân yn de provinsje is mei hast 50% ôfnaam, troch suksesfolle transformaasjes fan winkelpannen nei wenningen of oare funksjes.
Dêrneist groeit it ferlet fan multyfunksjonele sintrumgebieten. Winkeljen bliuwt wichtich, mar de ferskowing fan ‘place to buy’ nei place to be’ is dúdlik sichtber. Hieltyd mear minsken geane net allinnich foar oankeapen nei winkelgebieten, mar ek foar de belibbing, rekreaasje en sosjale aktiviteiten.
Oanbefellingen foar de takomst
Om de fitaliteit en takomstbestindigens fan de Fryske winkelgebieten te garandearjen, binne der inkelde konkrete oanbefellings dien. Sa wurdt advisearre om te ynvestearjen yn grienere, noflikere winkelgebieten dy’t oantrekliker binne foar besikers en harren langer bliuwe litte. Fierder wurdt it belang fan it stypjen fan lokaal ûndernimmerskip ûnderstreke, benammen mei it each op de fergrizing en it finen fan opfolgers foar winkels.
Ek wurdt de klam lein op it belang fan toerisme yn relaasje ta detailhannel. Yn ferskate Fryske gebieten is de omset fan winkels bot ôfhinklik fan toeristen. Mienskiplike marketing- en ûntwikkelstrategyen tusken de detailhannel en toerismesektor wurde oanrekommandearre om dy synergy te fersterkjen.
Takomstperspektyf
Mei it Keapstreamûndersyk Fryslân 2024 binne de basis en rjochting foar takomstich belied helder: winkelgebieten moatte harren ek yn ‘e takomst hieltyd wer oanpasse om te oerlibjen. Troch tûke oanpassingen yn funksje, útstrieling en gearwurking kinne Fryske winkelsintra ek yn de takomst relevant bliuwe en harren unike identiteit benutte.
Sympoasium ‘Koopstromenonderzoek Fryslân 2024’
Op it sympoasium ‘Koopstromenonderzoek Fryslân 2024’ yn de Lawei yn Drachten waarden de resultaten fan it ûndersyk justerjûn oan belangstellenden presintearre. Dêrneist waard stilstien by de útkomsten fan de SWOT-analyze dy’t yn de 64 wichtichste winkelgebieten fan Fryslân útfierd is. Ek waarden troch de TAF (Toerisme Alliantie Friesland) de resultaten dield fan trije ûndernimmersgearkomsten. Op basis fan dy ûndersyksresultaten giene de dielnimmers dizze jûn mei-inoar yn petear oer de takomst fan de Fryske winkelgebieten. De ûndersiken en it sympoasium foarmje in wichtige basis en opmaat foar in fierdere útwurking fan de ambysje oangeande winkelgebieten.
It folsleine ûndersyksrapport is te rieplachtsjen op dizze webside: https://koopstromen.nl/fryslan.