Door Arjan Bosselaar op OmropFryslân.nl
“Ik schrok wel, maar ergens had ik het ook verwacht. Maar het is teleurstellend dat de brug in zo’n slechte staat verkeert. Anders hadden we er wellicht gewoon weer overheen kunnen rijden.”
It mei dúdlik wêze. Agnes Bernhardt, by Rykswettersteat ferantwurdlik foar de farwei tusken De Lemmer en Delfzijl, fynt it spitich dat ûndersyk útwiisd hat dat de brêge yn de Nije Dyk by Twellingea ferfongen wurde moat.
In nije brêge is op syn betiidst ein 2029 klear. “Mensen hadden gehoopt dat het sneller zou gaan”, seit Bernhardt. “Men is daar teleurgesteld over. En dat begrijp ik ook.”
‘Stil aan de overkant’
De situaasje hat it doarp yn twaen splitst. Der sitte sa’n tritich oant fjirtich adressen oan de oare kant fan de brêge, mar dy minsken hawwe harren sosjale libben yn it doarp: de winkels, de tsjerke, it doarpshûs, de sportakkommodaasjes.
De splitsing wurdt ta utering brocht troch in wyt boerd mei grutte swarte letters oan de wetterkant. ‘Het is stil aan de overkant’ falt te lêzen.
Wachtsje oant der ein 2029 in nije brêge leit, is gjin opsje. Dêrom komt Rykswettersteat mei in tydlike brêge. Dy moat yn augustus op syn plak lizze, sadat ferkear der dan wer by del kin.
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17260565/twellingea-net-bliid-mei-rykswettersteat-is-de-boel-stikken-kinne-se-it-net-meitsje