Categorieën
Columns Cultuur Taal

Twatalige ferkearsbuorden

Troch Liuwe van der Meer

Der ûntstie ferline wike wer wat opskuor doe’t de provinsje bekend makke dat de ferkearsbuorden, dat wol sizze: meidielings foar it ferkear en paadwizers en sa, twatalich wurde sille. Op sa’n stuit komme daliks de tsjinstanners fan twataligheid, meastentiids dus de Nederlânsktaligen, yn aksje om dúdlik te meitsjen dat it dus net trochgiet, hin? Yn elk gefal nèt wêr’t sy tafallich wenje. Want it jout betizing, it makket it ferkear ûnfeilich en der binne wol mear arguminten oanhelle en benammen dy fan’e kosten fan’e operaasje sprekke tige ta de ferbylding. Want wêrom jild fergrieme oan twatalige buorden, as der noch safolle minsken nei de “voedselbank” moatte en as der noch safolle slachtoffers omstappe fan’e taslaggen-affêre? Arguminten by’t soad, de minslike geast is kreatyf as it der om giet twatalige ferkearsbuorden op keare te kinnen.

Twataligens yn recycling yn Wales. © Liuwe van der Meer

Wy ride noch alris om yn Brittanië en sa komme wy dus ek wolris yn Wales en Skotlân. It persintaazje Welsh-sprekkers yn Wales wurdt rûsd op sa’n 19% fan’e befolking, it komt del op in 750.000 minsken. Yn’e measte streken fan Wales wurdt dus al lang gjin Welsh mear sprutsen. Mar ast oer de grins mei Wales komst, komst yn in gebiet wêr’t hielendal gjin Welsh mear sprutsen wurdt en dochs sjochtst daliks de twatalige ferkearsbuorden, de twatalige opskriften op plysjeauto’s, de twatalige oantsjuttingen op’e dyk(!) en de twatalige beskriuwingen by bysûndere plakken. Wy wiene by Tintern Abbey, dat leit yn Wales, flakby de grins mei Ingelân. Der praat gjin kop Welsh yn dy streek en dochs waarden yn’e pleatselike Lidl oanbiedingen yn it Welsh omroppen, dêrnei yn it Ingelsk. Wy wisten letterlik net wat wy hearden! By de Jumbo yn Grou soene Frysktalige oanbiedingen de Nederlânsktaligen daliks op’e kast jage hawwe! Sa ek by de Poiesz yn Mantgum.

Ek de buorden en paadwizers yn Wales wiene konsekwint twatalich. Ik haw der gjin minske om krimmenearen heard, ek net oer de kosten.

It Welsh hat dus status krigen, de taal is sichtber en de toerist wit: hjir wurdt ek Welsh sprutsen. En wy, as toeristen, fûnen it wol nijsgjirrich. En wy misten gjin inkele ynformaasje, want it stiet ek yn it Ingelsk op’e buorden.

Ingelsk-Gaelic yn it Skotse parlemint. © Liuwe van der Meer

Fan’t maitiid wiene wy yn it westlik part fan Skotlân, dêr wurdt noch Gaelic praten, troch 60.000 minsken, wurdt der rûsd. En der wenje yn Skotlân in 5,5 miljoen Skotten! Yn’e haadstêd Edinburgh wurdt gjin Gaelic praten, mar yn it Parlemintsgebou wiene alle teksten twatalich Ingelsk-Gaelic. Yn it westlike part, yn’e Highlands, oeral twatalige buorden Ingelsk-Gaelic, en der die net ien moeilik oer; wa’t it Gaelic net lêze wol, lêst de Ingelske tekst wol, dat is de regel.

Hoe simpel kin it wêze, jonges?