(tekst: Omrop Fryslân)
De folsleine fundearring fan de Prinses Margriettunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer moat fernijd en fersterke wurde. It wurk oan de tunnel set op 15 juny útein en duorret ûngefear in jier, dat meldt Rykswettersteat.
De ôfrûne tiid is der ûndersyk dien nei de oarsaak fan de problemen mei de tunnel. It docht bliken dat de saneamde trekpeallen, lykas al tocht waard, by inkelde ûnderdielen fan de tunnel kapot gien binne.
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1210169/tunnel-yn-a7-krijt-folslein-nije-fundearring-reparaasje-duorret-in-jier