Troch provinsje Fryslân
Sûnt fan ‘e moarn 06.00 oere kin it ferkear tusken Boalsert en Ljouwert gebrûk meitsje fan de nije ûndertrochgong by Wommels-Noard. Earder iepenen de ûndertrochgongen by Boalsert-Noard en Burchwert. Mei de iepening fan de ûndertrochgong by Wommels-Noard is it projekt N359 Boalsert-Ljouwert klear.
Oannimmer BAM Infra Nederland wurke de ôfrûne oardel jier oan de trije ûndertrochgongen.
De ûndertrochgongen meitsje de dyk feiliger foar sawol auto- as fytsferkear. De faasje op krúspunten is wer 100 kilometer yn de oere. Dat befoarderet de trochstreaming fan it ferkear.
Foar fytsers is der in apart fytspaad yn de ûndertrochgong, sadat se feilich en ûnbehindere ûnder de dyk trochride kinne.
“Mei it iepenjen fan dizze tredde ûndertrochgong is ien fan de grutste ynfraprojekten fan Fryslân klear. In moaie stap yn it feiliger meitsjen fan de Fryske diken”, seit deputearre Matthijs de Vries.
Eftergrûn projekt
Provinsjale Steaten en de omkriten trunen oan op it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens op de krúspunten by Boalsert-Noard, Burchwert en Wommels-Noard. Nei in yntinsyf oanbestegingstrajekt en yngeande tariedings hat BAM Infra in ûntwerp makke foar trije krusingen op ûngelikense hichte yn de N359. BAM Infra hat it projekt foar 13 miljoen euro útfierd. BAM Infra hat mar leafst 98 persint materiaal opnij brûkt.
Dêrnjonken hat de oannimmer tydlike bypasses en rotondes oanlein om de hinder foar it ferkear by de útfiering safolle mooglik te beheinen. Lânbouweinen, (fracht) auto’s en fytsers koene feilich by de wurksumheden del. Ferkear hoegde hast net om te riden, mei útsûndering fan inkelde wykeinsluting.