In tal wiken lyn krige ik fan myn freon Thys in grutte boadskippetas mei bledmuzyk: de dochter fan in al lang ferstoarne fioelist wist net wat se der mei moast en oft der miskien foar my ek noch wat by siet, oars gie it guod fuort.
Fuort is fuort en in tas mei bledmuzyk kin fansels noch fynsten opsmite! Doe’t ik alle boeken en skriften op’e tafel hie, krige ik wol in byld, in byld dat ik ek hân hie doe’t wy de muzyk fan ús heit oprêde moasten: âlde boeken út’e jierren tweintich, tritich en wat letter, brún papier, op guon plakken al oan it ferkrommeljen, mei raffelige rânen en as útjeften folslein ferâldere. Mar wat in tiidsbyld!
De fiolist wie berne yn 1915, alteast, yn ien boek stie mei pen skreaun “1-6-1933” en “18 jaar oud”. Dizze Gerard van Houten koe ik neat oer fine, ik wit dus ek net wannear’t er ferstoarn is, dat wist Thys ek net krekt, mar hy hie syn allerearste learboeken ek bewarre, hy kaam út’e buert fan Doezum/Grootegast, spile yn orkestjes, hie optreden yn Bûtenpost (de programma’s hie er bewarre, út 1946, 1947. Ik seach ek de namme Fr. Panbakker foarby kommen, in ferneamd Ljouwerter musikus en dirigent út de jierren tritich en fjirtich.
In hiel fioelespyljend libben, ferpakt yn in grutte boadskippetas fan’e Coop. Dat hiele fioelespyljend libben rûn hast parallel mei dat fan ús heit en miskien hawwe se inoarren wolris sjoen, ús heit wenne yn 1944 en 1945 yn Surhústerfean en ek dêr hie it strijkje van Van Houten neffens in tal programma’s wolris optreden, soms mei in Mia Heger as soliste. Ja, har âlden hiene in tekstylsaak yn Kollum, stie op in kladbryfke, want ek dy sieten yn’e tas. Mei har tillefoannûmer yn Ljouwert fan folle jierren letter. Mia sil wol net mear libje.
Yn’e tas sitte ek in hiele protte boskjes snaren, fan izer of fan skieppeterm, útdroege en nei sa’n tweintich jier wol net mear te brûken, der moat foar in kaptaal fuortsmiten wurde.
En dan ynienen sjochtst efkes letterlik werom yn’e tiid. Yn in útjefte fan’e fioelesonates fan Mozart stiet mei potlead skreaun: “okt. 1941. Deze muziekboeken heb ik gekregen van een Duitse soldaat die gelegerd was in Niekerk in het huis tegenover de fotozaak van Maarten Hazenberg. Hij hete Otto hat helemaal kaal hoofd had een sportzaak met maneesje in Hamburg Leeftijd 30-40 jaar.” Yn in útjefte fan’e fioelesonates fan Beethoven stiet: : Deze boeken heb ik van een Duitse soldaat gekregen zijn naam Otto. In huis van meester Danhof in Oldekerk”. Der sitte gjin pianopartijen by, it binne beide allinne mar de fioelepartijen. Slim ferâldere trouwens, mei in protte bôgen en fingersettingen.
En dan begjinst te fantasearen: in Dútse soldaat, ynkwartiere yn Niekerk, mei yn syn koffer de fioelesonates fan Beethoven en Mozart, ommers, hy spilet sa treflik piano, sa’n soldaat tinkt dochs net daliks oan sjitten en moardzjen, soest sizze. Dy ferfeelt him en dan heart er op’e dyk yn in hûs Gerard spyljen, krekt 26, dy’t dy fioelepartijen miskien wol spylje kin! Hy bellet oan, freget oan Gerard oft er dy sonates ek spylje kin en oft Gerard se ek mei him spylje wol. Dy fielt him grif wat ûngemaklik, mar doart ek net te wegerjen, want sa’n soldaat hat ek in gewear. Dus krijt er de losse partijen en dan sprekke se ôf dy stikken te spyljen, miskien wol by meester Danhof thús, mei dy wat ûntstemde Seiler-piano yn’e foarkeamer. Is dit gjin kollaboraasje? Fansels net, dit binne Beethoven en Mozart, it giet om muzyk, net om boeken fan Julius Streicher of Alfred Rosenberg.
Mar wy witte it net. Hawwe se wol spile of hat Gerard de boeken allinne mar krigen? Mei sa’n losse partij kinst oars noch net safolle! It set jin wol oan it tinken! Want it kin ek noch wolris hiel oars gien wêze!
Op 22 juny, in pear moanne derfoar, hiene de Dútsers harren Operaasje Barbarossa ynsetten, de oanfal op Ruslân. Yn oktober hiene se de Baltyske steaten al ferovere en wiene dêr al drok dwaande mei moardzjen en fernielen. Waard Otto no dy kant ek útsjoerd en joech er de muzykboeken mar oan Gerard? Op dy wide flakten fan Ruslân hat men ommers dochs gjin tiid om te spyljen. Mar wêr binne dan dy pianopartijen bleaun? Of, noch wranger, wêr is Otto keard? Sneuvele op de flakten fan’e Oekraïne en dêr njonken de dyk ûnder de grûn skood? Of hat er by Stalingrad allinne mar syn linkerhân ferspile by in granaat-oanfal en kaam er dochs wer thús yn Hamburg, yn syn sportsaak? Dat lêste is ek net botte warskynlik, de measte sportsaken binne yn dy stêd wol platbombardeard, tegearre mei hast de hiele rest fan’e stêd. Ach, Otto..wo bist du geblieben?
Gerard hat it wol oerlibbe, hat noch in hiele protte spile nei de oarloch, yn allerhande orkestjes en mei allerhande minsken en liet in grutte Coop-tas nei mei muzyk. It measte kin wol fuort, ja, ek dy fioelepartijen fan Beethoven en Mozart, want net ien wol mear spylje út sokke ferâldere partijen. In hiel muzikaal libben by it âld papier, want dêr komt it grif op del.
Ik moat myn eigen muzyk ek mar ris skiftsje. Want dy kin nèt yn in Coop-tas, bin’k bang.
© Liuwe van der Meer