Hjirby sis ik mei yngong fan ein dit jier myn abonnemint op. It muoit my tige om dat dwaan te moatten, mar it is net oars.
Ik kin it foar mysels net langer tolerearje om alle dagen in krante – it deiblêd (FD) – oer de flier te krijen dy’t in protte nijs net, of ferdraaid, by it grutte publyk bringt.
It liket der mear en mear op dat de ûnôfhinklike posysje fan it FD yn ‘e kiif stiet. Of, sterker noch, dat meidien- en skreaun wurdt oan dat wat de oerheden en dyjingen dy’t de tsjinst út tinke te meitsjen miene om oan de befolking fertelle te moatten as de wierheid.
In pear foarbylden ta yllustraasje:
– it klimaatnarratyf. It falt my iderkear wer op dat it FD de kant kiest fan dy minsken dy’t úthâlde dat in feroaring fan it klimaat troch minsken feroarsake wurdt.
Wêrom komme de oare lûden amper of net oan bod yn de krante? En wêrom it lûd fan Extinction Rebellion kear op kear al?
Wêrom bygelyks is dit opfallend brief fan de ald-haadredakteur fan de NOS net by jimme yn it nijs kommen? https://www.climategate.nl/2023/09/120002/?s=35
Of, it nijs dat de Nobelpriiswinner yn de natuerkunde fan 2022, John Clauser, sein hat ‘dat klimaatverandering geen extreem weer veroorzaakt en dat er geen werkelijke klimaatcrisis is’ https://www.wyniasweek.nl/goed-klimaatnieuws-van…/
– de Oekraïne-oarloch. Hoe wie it mooglik dat yn de wiken foarofgeand oan de ynfal fan Ruslân yn it eastlike, meast Russysktalige part fan de Oekraïne, jim redakteur Niek van der Molen werklik kear op kear sawat deselde stimmingmakkerij tsjin Ruslân fierde yn syn opiny-stikken? Hie it FD foarkennis en wie it fan hegerhân de bedoeling om te skriuwen sa’t der skreaun is? Wêrom is ien en oar net breder yn perspektyf pleatst, nammentlik dat al sûnt 2014 de befolking yn it easten slim te lijen hie fan it Westersk-orientearre rezjym? En dat it hieltyd lestiger waard om Russysk te brûken, de memmetaal fan miljoenen minsken yn Oekraïne? Werom is de klam der op lein dat Ruslân in gebiet ferovere, wylst de NAVO al jierrenlang hieltyd fierder nei it easten ta opskode en dêrby lân nei lân anneksearre en ynkorporearre, tsjin de ôfspraken yn?
– de oerstjerte fan de lêste jierren. Wêrom wie der yn it FD safolle omtinken en propaganda foar de MRNA-prikjes, mar is der sa’n lyts bytsje oandacht foar de bywurkings en de oerstjerte, dy’t no al jierren plakfynt en neidat de koroana-tiid foarby wie de hiele tiid tusken de 10 en 25% beweegde? Dêrtroch moatte allinnich al yn Fryslân sa’n 1600-4000 ekstra deaden fallen wêze.
Hiel resint (22 novimber) hat, nota bene yn de rjochtbank fan Ljouwert, in proses spile werby’t 17 pommeranten, werûnder Sigrid Kaag, Mark Rutte en Bill Gates, oanklage binne foar de misdieden dy’t hja dien hawwe. Ut namme fan 7 minsken dy’t oantoanber slimme bywurkingen hawwe fan de prikjes yn koroana-tiid: https://rechtoprecht.online/
It FD is tal fan kearen op dit proses wiist mar hat der werklik gjin inkeld omtinken oan jûn. Dat kin net, dat is it ferswijen fan in wichtige ûntjouwing yn de maatskippij.
– de week van de lentekriebels. It Friesch Dagblad pretindearret in kristlike krante te wêzen. Lykwols, op 23 maart waard in hiel grut artikel publisearre oer ‘De week van de lentekriebels’. Yn dy wike wurdt op skoallen oan bern fan hast alle groepen dy’t in bytsje lêze kinne seksuele foarljochting jûn dy’t hiel fier giet. Der wurdt yn dat artikel suver gjin echt hoor- en wederhoor tapast. Der wurdt yn it artikel steld: ‘Een kleine groep vindt dat de lessen over diversiteit, het eigen lichaam en gender te ver gaan, maar Friese scholen vinden seksuele vorming wel van groot belang. ,,We moeten het erover hebben totdat de discussie stopt.” Ik fyn werklik dat it FD mei it lyts meitsjen fan in groep dy’t har soargen makket oan it polarisearjen is en tsjinstanners yn in hoekje drukt.
Der hie rom omtinken jûn wurde mochten oan de krityk: https://www.blckbx.tv/…/onderwijsminister-overvallen…
In tal redakteuren by jimme is wol skerp, mar de algemiene sinsuer is te grut wurden en tagelyk krijt ‘woke’ tefolle klam yn kombinaasje mei tal fan narrativen dy’t troch ynternasjonale organisaasjes oer ús útstoart wurde.
Wy bewege ta nei in oare, moaie wrâld mar it FD fiksearret him op oerheden dy’t alles oplosse moatte, mei wetten, regels, boetes en sanksjes.
De weechskaal is te fier nei it negative útslein om abonnee te bliuwen.
Ik winskje jim in soad wiisheid en betterskip ta, rjochting in frije parse…
mei hertlike groet,
Sybren Posthumus