Troch provinsje Fryslân
Yn de Fryske marren De Fluezen en De Morra is in grut natuerwerstelprojekt suksesfol ôfrûne. Mei in ynvestearring fan goed € 1,75 miljoen, mei finansierd troch Europeeske POP 3 – subsydzjes en de provinsje Fryslân, binne der yn de ôfrûne fjouwer jier wichtige ekologyske stappen set om it bioferskaat en wetterkwaliteit yn dizze Natura 2000 – gebieten te fersterkjen. It projekt leveret net allinnich in wichtige bydrage oan de natuerdoelen yn Fryslân, mar stipet ek klimaatdoelen troch ekstra wetterberging en grûnwetterfêsthâlding.
It natuerwerstel rjochte him op it oanlizzen fan luwe, ûndjippe wettersônes en slinken op sa’n tweintich bunder, wêrtroch’t de marren geskikter wurden binne as paaigebiet en leefgebiet foar fisken, wetterplanten en fûgels. Dat draacht by oan in sûner ekosysteem, dat wearberder is tsjin klimaatferoarings. Mei tank oan de oanpak op tsien lokaasjes rûnom de marren is hast 120.000 m³ wetterberging realisearre, mei oanfoljende maatregels dy’t de grûnwetterstân ferheegje en it gebiet foar fisken tagonkliker meitsje.
“Mei dit projekt fersterkje wy it bioferskaat en ekologyske kwaliteit fan ús wetters. De gearwurking mei Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea en Staatsbosbeheer hat sjen litten dat we tegearre grutte stappen sette kinne foar de natuer yn Fryslân. It is prachtich om te sjen hoe’t soarten lykas de see-earn en it seldsume bûnt reidhintsje hjirre tiere,” seit deputearre Matthijs de Vries.
Europeesk partnerskip foar in sterke Fryske natuer
It projekt waard foar in grut part finansiere út it Europeeske fûns foar Plattelânsûntwikkeling (POP), dat yn `e mande mei de provinsje Fryslân €1,65 miljoen ynvestearre. Dit partnerskip slút oan by de doelstellingen fan it bestjoersakkoart Oparbeidzje foar Fryslân en de ferplichtingen oan nasjonale en Europeeske natuer- en wetterkwaliteitseasken. De oanfoljende €100.000,- út it N2000-budzjet fan de provinsje wei dekte ûnder oare stigende kosten en oanpaste plannen om de beëage ekologyske doelen te beheljen.
Gearwurking en ynnovative techniken
It projekt waard útfierd mei Fryske oannimmers dy’t ûnderfining hawwe yn wiete natuergebieten en ûnder begelieding fan ekologyske adviseurs fan ûnder oare It Fryske Gea en Staatsbosbeheer. Ynnovative wâlbeskermings oan de râne fan De Fluezen is sa ûntwurpen dat jonge fûgels feilich oerstekke kinne nei greidefûgelgebieten dy’t tichtby lizze en dat it duorsem is.
Byskrift by foto:
Op freed 8 novimber organisearre Provinsje Fryslân in rûnfeart by de projekten by De Fluezen en De Moarre del. By de feart fertelden de gearwurkjende partners oer de wurksumheden dy’t dien binne en de doelen dy’t realisearre wurde. Ek waard in nij ynformaasjepaniel ûntbleate dy’t midden yn it gebiet komt te stean, mei útlis oer de pearels boppe én ûnder wetter.