(tekst: provinsje Fryslân)
De provinsje Fryslân stelt jild beskikber om ynwenners en lokale ûndernimmings tichter byinoar te bringen. Dêr wurdt de subsydzjeregeling foar ien kear ‘Mienskip en Bedriuw yn ferbining’ foar yn it libben roppen. Ut oerbliuwend koroana needstipejild is 330.000 euro beskikber steld om inisjativen út de Mienskip te stypjen. Op moandei 16 jannewaris 2023 giet de regeling iepen.
De provinsje Fryslân hechtet wearde oan sterke buerten en doarpskearnen. Dêrfoar is it ûnder oare fan belang dat lokale ûndernimmers by de buerten en doarpen dêr’t sy tahâlde belutsen binne. Oarsom jildt dat buert- en doarpsbewenners de lokale ûndernimmer helpe kinne yn syn fuortbestean. Koartsein se hawwe inoar nedich, benammen nei twa jier wêryn’t de sosjale gearhing oer it generaal fermindere is. It doel fan de regeling is it fuortsterkjen fan it lokale gefoel fan mei-inoar wêzen en de bewustwurding fan it belang fan lokale ûndernimmings foar in buert en/of doarp. Troch it stimulearjen fan meardere mienskiplike aktiviteiten yn de buert of it doarp, hopet de provinsje Fryslân mear ferbûnens te kreëarjen.
Mienskip en Bedriuw yn Ferbining
De regeling subsidiearret inisjativen dy’t meardere kearen yn ’t jier weromkomme en troch in stichting of feriening yntsjinne binne. Dêrneist is it in eask dat by it inisjatyf twa lokale ûndernimmings behelle wurde. Der is romte foar 15 inisjativen de regio en foar de regio it Waad seis inisjativen. Der is (maksimaal) 5000 euro it inisjatyf beskikber út it Needfûns (No en Moarn II). Deputearre Klaas Fokkinga: “Ik bin bliid dat wy de regeling iepenstelle kinne. Undernimmers hawwe in wichtige funksje yn de Fryske doarpen. In lytse positive ympuls mei in grutte ympakt foar de leefberens yn ús provinsje.”
Wurkwize
Fia it offisjele oanfraachformulier op ús webside kin it subsydzjebedrach oanfrege wurde. It formulier wurdt hjir: www.fryslan.frl/mienskipenbedriuwynferbining flak foar de iepenstelling publisearre. Dêr is boppedat alle oare ynformaasje oer de regeling te finen. De regeling wurdt foar ien kear iepensteld fan 16 jannewaris 2023 oant en mei 17 febrewaris 2023. Foar fragen kinne inisjatyfnimmers kontakt mei ús klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer: 058 – 292 59 25 of maile nei: provincie@fryslan.frl.