(tekst: parseberjocht provinsje Fryslân)
Agraryske ûndernimmers yn ’e provinsje Fryslân dy’t harren bedriuw takomstbestindicher meitsje wolle, kinne dêr fan 22 jannewaris oant en mei 12 febrewaris 2024 subsydzje foar oanfreegje.
“De kommende jierren is der jild beskikber wêrmei ’t de lânbousektor nije stappen sette kin rjochting de takomst. Wy stelle no ien fan de earste subsydzjeregelingen iepen op basis fan it nije Mienskiplik Lânboubelied. Ik bin bliid dat we hjirmei boeren fierder helpe kinne yn it ûntwikkeljen fan harren bedriuw,” sa seit lânboudeputearre Femke Wiersma.
Soks kin bygelyks troch mei spesifike ynvestearrings in bydrage te leverjen oan miljeu- en klimaatdoelen en troch effisjint gebrûk te meitsjen fan natuerlike helpboarnen lykas wetter, boaiem en bioferskaat. Dêrby kin tocht wurde oan masinen foar meganyske ûnkrûdbestriding, wetterbesparjende presyzjebereining of de ferwurking fan kompost. Der kin ek keazen wurde foar ynvestearrings dy’t bydrage oan it bistewolwêzen. Bygelyks troch foar mear libbensromte foar de bisten te soargjen of foarsjennings foar it weidzjen fan it fee.
De subsydzje, dy’t yndividueel of mei oare boeren oanfrege wurde kin, bestiet út 40% fan de kosten fan de ynvestearring oant in bedrach fan € 125.000, -. Jonge boeren (ûnder de 40 jier) krije maksimaal 55% fergoede.
Oanfragen fia SNN
Oanfragen fan dizze subsydzje kin fan 22 jannewaris 2024 ôf fia de webside fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). Dêr is ek mear ynformaasje oer de subsydzje te finen. Op de webside fan de provinsje is de regeling en in foarriedige planning foar de subsydzjes yn 2024 te finen. Sa komt der ein 2024 op ‘e nij in subsydzjeregeling foar ynvestearringen op it boerebedriuw.