Categorieën
Humor Onderwijs Politiek Verhalen

SNEUE MAN

Foarige wike siet ik mei fernuvering te sjen nei it journaal fan acht oere: wat ik dêr seach brocht my daliks werom nei oktober 1976, om krekter te wêzen, nei de Splitting yn Drachten, nei de Iepenbiere Mavo dêr.

Yn septimber 1976 hie ik myn foech helle om foar de klasse stean te meien en ik koe daliks al ynfalle yn Drachten, in fyftjintal oeren skiednis, oan klasse twa en trije. Wat ik doe noch net wiste, is it feit dat dizze beide klassen, dat wol sizze dizze leeftiidsgroep, sa’n bytsje de gehakmole is foar begjinnende leararen. De puberteit begjint him op alle terreinen te opponearjen, it gesach fan’e âlden thús blykt ek net in fanselssprekkende saak te wêzen en dan libbet sa’n bern him of har út op skoalle. En stiet dêr ien foar mei it mes dwars yn’e bek, mei in tal jierren ûnderfining, dan is sa’n bern as waaks yn’e hannen, leaf, gesechlik, freonlik, iverich en faak fol humor.

Mar komt der immen fleurich fan’e oplieding, fol idealen om it no ris hiel oars te dwaan (en de nije learareopliedingen hiene ús dat wiismakke, it moast oars en it koe oars) en om allerhande didaktyske heechstandsjes ris út te besykjen op’e berntsjes, dan wurde sokke bern wolven, wat siz ik, hyena’s, piranha’s, se frette jin op wêrst by stiest! Alles wurdt út’e kast helle om de learaar ûnderút te heljen, stroffelje te litten, en wier, learlingen fan’e twadde en tredde klasse binne yn it sâlt bebiten as it giet om methoaden om dat te berikken. Stjonkbommen, triengasbomkes, se wisten alles te brûken. Ik sil gjin oare foarbylden jaan, elke begjinnende learaar sil se herkenne, mar wier, ûnderwiis is in hurde learskoalle. Dat wie doe sa en it is nóch sa. It is in segen dat de fopwinkeltsjes ferdwûn binne, tink ik.

Ik wist nei twa dagen al wêrom’t de frou dy’t ik ferfange moast oerspannen thús siet! En no, nei 48 jier (!), komme der noch nammen by my nei boppe, in Barbara Sobels (dochter fan in akteursechtpear by de Noorder Compagnie, se hie deselde oanliz foar dramatyk), in Wim Ram (skynt in hiel sympathike ambtner wurden te wêzen) , in Paul Debets, in Suzan van Geffen, sterker noch, ik kin harren nóch foar my krije en ik begjin opnij te triljen.

En sa seach ik juster nei it debat yn’e Twadde Keamer. Dêr stie iksels achter it buordsje, mei de bêste bedoelings, we sille der wat fan meitsje! En dan sjoch ik ynienen wer Barbara Sobels njonken my sitten, no mei bril en in tillefoan wêrop’t se wat twittert, mei deselde iiskâlde blik as de Barbara fan eartiids, in bytsje spytgnyskjend, nocht oan ûnnocht. En de Paul Debets fan doe hat no in grut ljocht bosk hier en stelt opnij de ferfelende fragen, makket wer de lytsachtsjende opmerkings en besiket ek no it gesach fan’e man achter it buordsje ûnderút te heljen, peste om te pesten.

De stjonkbomkes fan doe binne no WhatsAppkes wurden of Tweets, se stjonke net, mar de wurking is itselde: ûntregelje, minsken ûnderút helje. Troch sokken wurde wy dus regeard, sokken meitsje de wetten foar ús om ús yn’e stringen te hâlden. Se hawwe harsels noch net iens yn’e macht!

Ik fûn Dick Schoof in sneue man, ik moat him mar ris in kaartsje stjoere.

© Liuwe van der Meer