Categorieën
Poëzie

SNEINSREST

Yn sêfte dining driuwt de lichte blaugrize kym
Dof okerreade huzen, riigjend op ‘e hichte.
Mei it bûnte sneinstapyt belein
Foar it sinnefeest, dat hiel it gea fersiert,
Yn stimming fan ‘e snein.

It spitske fan ‘e toer blinkt yn in ljochtstream
machtich hearskjend, in beak,
Winkende ta hoeding tsjin wrâlds ûnrêst
en ferburgen skyn.

It lome fee yn mied en finne,
Bûcht wurch de knibbel nei de grûn fan grien ferwiel.
Fan oatmoed binne de stomme bisten keard
Dêr’t rûn om rêst leit fan it from gemoed
En as in wijling him de ierde bûcht foar de Almacht grut en goed.

De klokken yn ‘e fierte liede, in Amerij.
It jubelliet fan ‘t ljurkje swijt.
En hoeden giet de stilte, en tekent hiel syn wei
De seining fan de fromme dei.

Gerben Rypma (1878-1963)