Categorieën
Fryslân Sport Water

Skûtsjefloat wer folslein: Siete Meeter nije skipper op Huzumer skûtsje

Troch Omrop Fryslân

It bestjoer fan it Huzumer skûtsje hat lang om let in nije skipper fûn: Siete Meeter út Ljouwert. Dêrmei is de skûtsjefloat wer folslein.

Ferline wike melde Omrop Fryslân noch dat it gefaar bestie dat der kommende simmer mar 13 skûtsjes mei dwaan soene oan it SKS kampioenskip, omdat it net slagge om foar it Huzumer skûtsje in nije skipper te finen.

De skipper dy’t foardroegen wie – Wietse Bandstra – foldie net oan de easken fan de SKS en sadwaande wie it bestjoer noch altyd op syk nei in nije skipper.

Yn it karbrief (statuten) fan Stichting Huzumer skûtsje stiet dat in skipper út de famyljeline fan (pake) Loadewyk Meeter komme moat. Allinne as dat net slagget, kin dêr foar in perioade fan twa jier fan ôfwykt wurde.

Siete Meeter komt út de oare Meeter-famylje: dy fan (pake) Siete. Neffens in parseberjocht is oer de beneaming fan Siete Meeter goed kommunisearre mei de famylje.

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17255015/skutsjefloat-wer-folslein-siete-meeter-nije-skipper-op-huzumer-skutsje