“Hé Siri, wa is de Hjoeddeistige Kommissaris fan de Kening yn Fryslân?” Apple’s stimassistint begrypt dy fraach no noch net. Mar dat sil feroarje. De Ryksuniversiteit Grins giet oan it wurk mei Fryske spraaktechnology, sadat it yn de takomst ek mooglik is om apparaten yn it Frysk om help te freegjen.
De Ryksuniversiteit Grins hat spraaktechnology foar it Grinzers ûntwikkele en wurket no ek oan it Frysk. Yn de kommende fjouwer jier docht in promovendus ûndersyk nei Fryske spraaktechnology en de tapassing dêrfan.
De provinsje stekt hast 225.000 euro yn de ûntwikkeling fan de Fryske spraaktechnology. “Wy fine it wichtich dat Friezen harren eigen taal brûke kinne. Krekt by digitale tapassings dy’t âlderein of beheinde minsken helpe, is it o sa wichtich dat hja dêr yn it Frysk tsjin prate kinne”, seit deputearre Sietske Poepjes.
RUG Campus Fryslân en de Fryske Akademy hawwe ôfpraat om mei te wurkjen oan de ûntwikkeling. Se sille de promovendus-kandidaat mei begeliede. Dat komt ek de gearwurking tusken de trije ynstituten te’n goede. De Fryske Akademy is op it stuit dwaande mei de automatyske Fryske ûndertiteling fan riedsgearkomsten.