Categorieën
Fryslân Landbouw Vervoer

Risptiid: kampanje ‘modder op ‘e dyk’ wer los

Troch provinsje Fryslân

De Fryske modderaksje is wer úteinset. It is rispinge en dat betsjut dat der in soad lânbouferkear is en dêrmei kâns op modder op ‘e dyk. Yn kombinaasje mei rein kin dat soargje foar glêdens en dus gefaarlike situaasjes. De kampanje warskôget ferkearsdielnimmers foar de risiko’s fan modder op ‘e dyk en fertelt boeren wat se dwaan moatte as se drek op ‘e dyk efterlitte.

‘Modder op ‘e dyk’ is in jierlikse kampanje yn ‘e tiid fan ‘e rispinge. Om gefaarlike situaasjes foar te kommen wurdt boeren frege om warskôgingsbuorden yn ‘e berm te pleatsen en de dyk nei ôfrin skjin te meitsjen. Automobilisten krije it advys om de faasje te ferminderjen en alert te wêzen. As jo yn in slip komme: gas los, stjoer yn ‘e rjochting dêr’t jo hinne wolle en remje net.

ROF

De modderkampanje is in inisjatyf fan it Regionaal Orgaan foar Ferkearsfeilichheid Fryslân (ROF). It ROF wurket oan it ferbetterjen fan de Fryske ferkearsfeilichheid troch kampanjes, ferkearsedukaasje-aktiviteiten en ferkearsfeilichheidsprojekten. Mear ynformaasje oer it ROF: www.rof.frl.