Categorieën
Fryslân Niet gecategoriseerd Politiek

Reizgers wurdearje Frysk bus- en treinferfier yn 2024 mei in 7,9

Troch provinsje Fryslân

Reizgers yn Fryslân hawwe harren tefredenheid oer it regionale bus- en treinferfier yn 2024 mei in 7,9 wurdearre. Dat is  yn ferliking mei 2023 in bytsje omheech gien, doe’t it sifer 7,8 wie. De skoare leit dêrmei yn line mei it lanlike gemiddelde, dat ek op 7,8 bliuwt. Dat docht bliken út de resultaten fan de lanlike OV-klantebarometer, in jierliks ûndersyk nei de klanttefredenheid fan alle iepenbiere ferfierkonsesjes yn Nederlân.

De tefredenheid oer it regionale treinferfier is yn 2024 omheech gien nei in 7,9 (7,8 yn 2023). Ek it busferfier yn Fryslân krijt in hegere wurdearring, mei in skoare fan 7,9 (7,8 yn 2023). De busferbiningen op de Fryske Waadeilannen skoare it heechst (8,5), mar wol leger as yn 2023 (8,7). It busferfier yn Ljouwert giet omheech mei 0,5 (7,5 yn 2023; 8,0 yn 2024). De streeklinen hawwe it sifer 7,8 behâlden.

“Wy binne wer tige bliid dat reizgers posityf binne oer it iepenbier ferfier yn Fryslân. Dêrfoar jouwe wy ek kompliminten rjochting bus- en treinferfierder Arriva. Reizgers wurdearje it iepenbier ferfier mei in tsiende heger as yn 2023. Wy meie grutsk wêze op sokke sifers”, seit deputearre De Vries.

Hege wurdearring foar gemak en klantfreonlikheid

De ûnderwerpen dy’t it heechst skoare yn Fryslân binne ûnder oare it gemak fan ynstappen, it finen fan in sitplak, klantfreonlikheid fan it personiel, it gebrûksgemak fan it betelmiddel en de feilichheid ûnder de rit. Dy aspekten krije sifers boppe de 8. Ek it gemak fan it keapjen fan in ferfierbewiis en it laden fan in reissaldo wurde goed beoardiele.

De priis bliuwt lykwols in punt fan omtinken, hoewol’t de wurdearring foar dat ûnderdiel yn 2024 wat omheech gien is (1 oant 2 tsienden neffens 2023). De ynformaasjefoarsjenning by fertragingen hat in ferbettering trochmakke. It treinferfier skoart in 6,4 (6,0 yn 2023) en it busferfier in 6,2 (6,1 yn 2023).

Bysûnderheden yn 2024: OVPay en fersteuringen

Yn 2024 is it ûndersyk útwreide nei 64 ferskate ûndersyksgebieten. Dêrneist wie dit jier it twadde jier wêryn’t it lanlike OVPay-systeem beskikber wie, wêrmei’t reizgers yn Fryslân no ek mei in betelpas of creditcard úttsjekke kinne.

Krekt as yn foargeande jierren wiene der yn it iepenbier ferfier yn Nederlân ek yn 2024 fersteuringen, benammen troch personielstekoarten, syktefersom en wurksumheden oan it spoar. Yn Fryslân wie der tusken mids juny en de earste wike fan july in tydlike bûtentsjinststelling fan treinen, wêrby’t ferfangend busferfier ynset waard op de regionale treintrajekten.