(tekst: provinsje Fryslân)
Reizgers yn Fryslân wurdearje it regionale bus- en treinferfier yn 2023 mei in 7,8. Dat is in tsiende heger as yn 2022, sa docht bliken út de resultaten fan de OV-Klantenbarometer. Dit ûndersyk toetst op ferskate ûnderwerpen wat reizgers fine fan it iepenbier ferfier. Mei it gemiddelde fan in 7,8 slút Fryslân oan by it lanlik gemiddelde.
De heechste wurdearring foar it Fryske busferfier yn 2023 is op de Fryske Waadeilannen, in 8,7 (8,6 yn 2022). By it busferfier yn Ljouwert Stêd gie de wurdearring it measte omheech yn fergelyk mei 2022. Leeuwarden Stad is fan in 7,2 yn 2022 nei in 7,5 yn 2023 gien. Foar it streekferfier is it gemiddelde gelyk bleaun mei in 7,9. Lanlik beoardielje reizgers it regionale busferfier mei in 7,9. It treinferfier yn Fryslân krijt in 7,8 (7,7 yn 2022). Dat is in tsiende heger as it lanlik gemiddelde.
De ûnderwerpen dy ’t de heechste skoare krije (boppe 8) binne it gemak fan it ynstappen, fine fan in sitplak, gebrûksgemak fan it betelmiddel en feiligens fan de rit. Ek de klantfreonlikheid fan it personiel krije sifers tusken de 8,1 en 9,2. Tema’s dy ’t in legere wurdearring (ûnder 7) krije syn ynformaasje by fertragingen, frekwinsje (bus), droktebelibbing (bus Ljouwert en regionaal trein) en priis.
“Wy binne tige wiis mei de sifers dy’t wy foar it Frysk iepenbier ferfier krigen hawwe. Mei in tsiende heger as ferline jier meie wy grutsk wêze. Dêrfoar jouwe wy de kompliminten rjochting ús ferfierder Arriva,” seit deputearre De Vries.
Bysûnderheden 2023
Yn 2023 wiene in tal fersteuringen yn it Fryske iepenbier ferfier lykas stakingen en syktefersom. Troch de ynset fan Arriva op it winnen en oplieden fan nij personiel is it syktefersom yn de rin fan it jier werombrocht ta in normaal nivo. Ek is yn 2023 OVpay ynfierd. Reizgers kinne no yn- en úttsjekke mei in betelpas, creditcard of mobile telefoan. Foar net-frekwinte reizgers is it dêrmei makliker wurden om ynsidinteel foar it iepenbier ferfier te kiezen.
Eftergrûn OV-klantebarometer
De OV-Klantenbarometer toetst op ferskate ûnderwerpen it ov, lykas belibbing, komfort, gemak, snelheid en feiligens. Dit ûndersyk is fan 2001 ôf alle jierren (útsein coronajier 2020) hâlden. Maart is altyd de moanne wêryn’t de resultaten yn presintearre wurde. Foar mear ynformaasje oer de resultaten: www.ovklantenbarometer.nl.