Categorieën
Cultuur Fryslân Literatuur Media

‘Quatrebras’ as foarbyld? Oer moderne nostalgy nei it modernisme

Troch Abe de Vries

Ik hie it alris tocht, it earst nei oanlieding fan in suggestje fan Pieter de Groot, dy’t him yn de LC (29 desimber 2023) ôffrege wêrom’t noait in Quatrebras-skriuwer de Gysbert takend krigen hat. En no klinkt sels in streekrjocht pleit yn it febrewarisnûmer fan De Moanne. In pleit, fan Bert Looper, om it tydskrift Quatrebras (1954-1968) mei weromwurkjende krêft te earjen troch it de Gysbert Japicxpriis ta te kennen. Fansels kin dat neffens de regleminten net. Wat ik tocht wie: de nostalgy slacht wer ta.

Beide auteurs sil it net iens gean om de suggestje of it útstel op himsels. De iennichste echte Quatrebras-auteur dy’t de priis miskien fertsjinne hie is Hessel Miedema en dy is yn 2019 ferstoarn. En wa’t wolris in ôflevering fan Quatrebras yn hannen hân hat, dy begrypt wol wêrom’t dat tydskrift nettsjinsteande syn soms nijsgjirrige pielen mei byldzjende keunst net werklik furoare makke hat. Net mei syn foarkommen fan stensild skoalkrantsje en syn gauris deplorabele besykjen ta ‘eksperimintele’ poëzij en proaza.

Wêrom dan dochs foar de kreamen mei sokke oanslaggen? It komt op jin oer as wolle  de útstellers mei har stikjes yn LC en De Moanne lucht jaan oan in beskate ûnfrede dy’t se fiele by Fryske literatuer yn it algemien, en by dy fan de ôfrûne desennia yn it bysûnder. ‘Fryslân kin noch net driuwe op de ile azem fan de eksperimintelen’, lit De Groot Gysbert-advyskommisjelid Gerben Brouwer yn 1961 sizze, en men heart him tinken: wat in omkoal. Brouwer typearret er as in ‘tradisjoneel dichter’, dy’t it net iens wurde koe mei syn mei-kommisjelid Marten Brouwer, gjin famylje, oprjochter fan Quatrebras. Marten Brouwer woe Jelle de Jong de priis ta hawwe, de man dy’t doe sjoen waard as de belangrykste fertsjintwurdiger fan de ‘eksperimintele poëzy’, skriuwt De Groot. ‘Mar oaren hiene leaver in lyrikus as Marten Sikkema.’

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/02/quatrebras-as-foarbyld-oer-moderne.html