Categorieën
Fryslân Juridisch Natuur en milieu Politiek Water

PROVINSJE YN BEROP BY FERGUNNINGFERLIENING GASBOARRINGS WAADSEE

Troch provinsje Fryslân

Ferwachte wurdt dat minister Hermans fan Klimaat en Groene Groei op basis fan de útspraak fan de Ried fan Steat foar 1 jannewaris 2025 in beslút nimme sil oft se fergunning(en) ferlient foar it boarjen nei gas ûnder de Waadsee. Der is yn Fryslân gjin draachflak foar dizze boarrings dy’t fan de fêste wâl by Ternaard ôf plakfine moatte soene. Mocht de minister oergean ta fergunningferliening dan giet it provinsjebestjoer yn berop by de rjochter. Dat hawwe Deputearre Steaten (DS) fan Fryslân hjoed besletten.

Deputearre Friso Douwstra: “It provinsjebestjoer hat him lykas oare lokale oerheden, omwenners en belanghawwenden de ôfrûne jierren meardere kearen útsprutsen tsjin gaswinning ûnder de Waadsee. Der is oanhâldende soarch oer gefolgen en risiko’s foar ynwenners fan Fryslân, de natuerwearden, it klimaat, de boaiem, fersilting en de status fan it Unesco-wrâlderfgoed. Gasboarringen ûnder de Waadsee of yn Fryslân? Doch it net! Mocht de minister dochs oars beslute dan is it ynstellen fan berop by de Ried fan Steat wat ús oanbelanget in logyske folgjende stap.”


Mooglike fasilitearjen fan in stichting

DS hawwe hjoed ek besletten om de beropsgong fan oare belanghawwenden fasilitearje te wollen. DS wolle mei Wetterskip Fryslân middels ynsette foar in op te rjochtsjen stichting om belanghawwende partijen in stim en de juridyske mooglikheid te jaan om selsstannich berop yn te tsjinjen. Hjirmei soe dan in ekstra spoar fan rjochtsbeskerming ûntstean kinne. Provinsjale Steaten wurde frege oft sy winsken en betinkingen by it fasilitearjen fan sa’n stichting hawwe.