(tekst: provinsje Fryslân)
It Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear (ANLb) krijt in stevich ferfolch yn Fryslân, nettsjinsteande in tekoart op de begrutting troch heger wurden behearskosten. De provinsje pakt har ferantwurdlikheid rjochting de agraryske kollektiven en hat besletten it tekoart fan goed 18 miljoen euro foar te finansieren. Hjirtroch kin de provinsje al it ôfsprutsen behear foar de kommende jierren betelje – ek it behear wat dit jier al útfierd is troch de boeren. Foar de perioade 2023 oant en mei 2028 is der yn totaal sa ’n 145 miljoen euro beskikber.
Ferline jier binne de tariven foar it behear binnen it ANLb op ‘e nij berekkene en flink omheech gien. It gefolch is in grut gat yn de begrutting. Yn ‘e mande mei de oare provinsjes hat Fryslân besocht ôfspraken te meitsjen mei it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit om dat tekoart op te lossen. Ministers hawwe earder witte litten har dêr ferantwurdlik foar te fielen en harren ynsette te wollen foar it finen fan in oplossing.
“Mar it Ryk komt syn tasizzingen no net nei”, seit deputearre Femke Wiersma. “Wy fiele ús ferantwurdlik rjochting ús boeren en de kollektiven, omdat yn it ferline wol ferwachtingen wekt binne. Dêrom sette wy troch. Mar it is ûnakseptabel dat wy no earst sels opdraaie moatte foar it dekken fan it ûntstiene gat op de begrutting. Wy dogge, yn ‘e mande mei de oare provinsjes, in driuwend berop op it ministearje om mei in finansjele oplossing te kommen.”
Natuer- en lânskipsdoelen
Goed 1900 Fryske boeren meitsje fia in kollektyf gebrûk fan de ANLb-subsydzje. Dy subsydzje is bedoeld foar boeren dy’t natuerbehear útfiere op lânbougrûn. Dat giet foar in part ten koste fan de lânbouproduksje en dus ek fan it ynkommen. De subsydzje dekt dat gat yn it ynkommen en de kosten dy’t makke wurde foar it behear. It giet dan bygelyks om greidefûgelbehear en it ferbetterjen fan ferbiningen yn it lânskip, lykas sleatten, hagen, bermen en beamrigen. Ek it Oanfalsplan Skries en doelen út de Kaderrichtlijn Water binne ûnderdiel fan it ANLb, dêr is oanfoljend budzjet foar.