Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân hat hjoed de nije lânboubeliedsbrief 2021-2030 ‘Noflik Buorkje yn Fryslân’ presintearre. Dy biedt in op ‘e takomst rjochte plan foar de Fryske agraryske sektor. De lêste jierren is de situaasje yn de lânbousektor sterk feroare en dêrom is dizze nije beliedsbrief needsaaklik. De foarige beliedsbrief is út 2017.
De nije beliedsbrief beklammet it belang fan Fryslân as dé lânbouprovinsje fan Nederlân. Mei de Fryske boeren stribbet de provinsje nei in ferskate en takomstbestindige lânbousektor, wêrby’t de fokus leit op brede wolfeart. Itensproduksje bliuwt sintraal stean, mar der wurdt sterker ynset op kwalitative yn stee fan kwantitative groei, mei each foar ferbreding fan it bedriuwsmodel. Hjirby produsearje boeren net allinnich iten, mar ek maatskiplike tsjinsten. “It befoarderjen fan boereferskaat is in liedend prinsipe yn dizze beliedsbrief. Ferskiedenheid hâldt de sektor robúst en fearkrêftich,” sa seit ferantwurdlik deputearre Abel Kooistra.
De beliedsbrief, opsteld mei boeren, natuerorganisaasjes, ûnderwiisynstellings, agraryske belangebehertigers en it bedriuwslibben, rjochtet him op in mearjierrich en kânsryk takomstperspektyf foar de Fryske lânbou. De provinsje hat, boppe-op de besteande finansjele lânboumiddels, €2 miljoen beskikber steld om de ambysjes út it beliedsbrief te realisearjen. De maatregels kinne fariearje fan subsydzjes op ynvestearringen en bettere foarsjenningen oant it wurkjen oan koarte ketens en ynnovaasje. It sluten fan kringlopen is in wichtich tema mei it each op de ôfskaffing fan de derogaasje en de dongkrisis dy’t dêrtroch ûntstien is. Ek it oanstjoeren op in saneamde ‘Lânbouhaadstruktuer’ komt deryn werom. Hjirbinnen wurdt heechweardige lânbougrûn beskerme en wurde agraryske ûntwikkelmooglikheden mear ôfstimd op de natuerlike omstannichheden yn in gebiet. Dat hâldt ek ferbân mei de nije Provinsjale Omjouwingsfisy dêr’t oan wurke wurdt.
“Us boeren steane foar grutte útdagingen, lykas fertsjinfermogen en maatskiplike wurdearring. It is wichtich dat Fryslân in sterk eigen belied ûntwikkelet dat oanslút by de unike posysje fan ús lânbousektor,” seit Kooistra. Yn jannewaris wurdt de beliedsbrief troch Provinsjale Steaten behannele. Dêrnei wurdt maitiid 2025, yn ‘e mande mei belanghawwenden, in yntegrale útfieringsagindaopsteld. Dy aginda set de ambysjes fan it beliedsbrief nei konkrete aksjes en budzjetten oer en hâldt rekken mei oare beliedsfjilden.