(tekst: provinsje Fryslân)
Fryske bestjoerders freegje de minister foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering him oan de makke ôfspraak yn de regionale wendeals te hâlden. Dêr is ôfpraat dat Fryske gemeenten in mienskiplike oanfraach dwaan kinne foar lytsere kearnen foar de Woningbouwimpuls (WBI ). Yn in konsultaasjeronde foar de wizige regeling liket dizze ôfspraak net neikommen te wurden.
Ut it WBI wei stelt it Ryk middels beskikber om wenningbou te fersnellen. It giet dan om oanfragen fan 200 wenningen of mear. Lytse projekten komme dus faak net yn oanmerking. Oanfragen fanút de regio, en dus ek Fryslân, foelen dêrtroch faak bûten de boat. Wethâlder Chris van Hes (De Fryske Marren), bestjoerlik lûker fan de Fryske oanfraach WBI: “Oanfragen fan 200 of mear wenningen binne by plattelânsgemeenten net realistysk. Wy wiene dêrom tige wiis mei de tasizzing fan de minister dat de regeling oanpast wurde soe, sadat wy in mienskiplike oanfraach foar it plattelân fan Fryslân yntsjinje kinne. Fanút de Fryske gemeenten hoopje wy dat de minister him oan syn wurd hâldt, sadat wy fierder kinne mei dizze opdracht.”
Hantekening
Provinsje en gemeenten meitsje harren soargen oft de regeling wol passend wurdt foar de mienskiplike oanfraach foar it plattelân fan Fryslân. Dêrom hawwe sy by de konsultaasje fan de regeling in foarstel foar in tekstwiziging yntsjinne sadat ek de oanfraach foar de doarpen yn Fryslân honorearre wurde kin. Deputearre Sijbe Knol freget him ôf wat de hantekening fan de minister wurdich is: “Yn april hawwe wy mei minister De Jonge de ôfspraak makke om de regeling better passend te meitsjen foar in Fryske oanfraach om ek fia dizze wei de wenningbou yn Fryslân te fersnellen. No wolle we yn Fryslân fersneld 4.000 wenten bouwe yn doarpen en kearnen, mar dan moat de minister wol leverje. Mei oare wurden: de minister is aktyf en wol fersnelling. Wy kinne dat biede mar dan moat der wol bûter by de fisk.”
Regio fertsjinnet maatwurk
De deputearre freget de minister him oan de ôfspraken te hâlden, want mei middels út de WBI kin in grut part fan de ôfsprutsen 17.500 wenningen yn Fryske (plattelâns)gemeenten realisearre wurde. “Der is mear yn Nederlân as de Rânestêd en grutte projekten. Ek de regio en plattelânsgemeenten wolle fersnelle en bydrage. Jou ús dan wol de romte. Ek yn dizze regeling fan de WBI,” sa seit Knol.
Yn it Fryske bestjoersakkoart is ek neidruklik omtinken foar de bou yn lytse kearnen. Dêryn wurdt sein dat alle kearnen yn Fryslân de mooglikheid krije moatte om nei aard, skaal en karakter by te bouwen. Dizze oanfraach fan Fryske gemeenten foar it WBI draacht dêr oan by.