Categorieën
Fryslân Natuur en milieu

Provinsjaal stipepunt Donkerbroek komt yn bloei

(tekst: provinsje Fryslân)

It provinsjale stipepunt yn Donkerbroek krijt in natuerlike ynrjochting. Yn totaal wurdt 1600 m2 om de lokaasje biodivers hinne ynrjochte. Dit is ien fan de aksjes út it provinsjale Herstelprogramma Biodiversiteit. Deputearre Hoogland en Avine Fokkens-Kelder seagen freed 10 maart by it wurk yn Donkerbroek.

It strakke, griene en koart meande gers feroaret yn blommegreiden, mei in bijewand, bijehotels en puollen dêr’t kikkerts en oare amfibyen fan hâlde. Ek komme yn de blommegreide ferskate fruitbeammen, wêrfan’t ûnder de betide bloei hommels en oare nektar itende ynsekten profitearje.

Dêrneist wurdt de besteande sleat oan de súdeastkant fan it terrein ferbrede mei in natuerlike, flauwe igge. Dêr kinne oeverkrûden en reid harren ûntwikkelje, dêr’t amfibyen en libellen op ôf komme en harren yn fuortplantsje kinne.

Foarbyldlokaasje
De lokaasje yn Donkerbroek is in moaie foarbyldlokaasje foar oare stipepunten, mar ek foar oare organisaasjes dy’t yn yndustrieel gebiet mei in bioferskate ynrjochting oan de slach wolle. Op dizze lokaasje docht de provinsje de kommende jierren ûnderfining op mei it natuerlike behear en ûnderhâld.

Steenbreek
De natuerlike ynrjochting fan de stipepunten jout ek ynfolling oan de oannommen “Motie Steenbreek” fan de SP út 2021. Stichting Steenbreek waard yn 2015 oprjochte fanwege de soarch rûnom de ôfnimmende biodiversiteit en de tanimmende trend om tunen te betegeljen. Underwilens is Steenbreek útgroeid ta in lanlike kennis- en netwurkorganisaasje.

Achtergrûn
De provinsje hat yn Fryslân sa’n 12 “stipepuntlokaasjes” yn eigendom, benammen lein op yndustryterreinen. Hjir leit materiaal en materieel opslein, lykas sân, sâlt lykas weinen en masines. Ut dizze lokaasjes binne de fiif meast kânsrike lokaasjes selektearre. Buro FaunaX B.V. makke de sketsplannen om it bioferskaat op dizze lokaasjes te ferheegjen oan ‘e hân fan it format foar bioferskaat op bedriuweterreinen fan Ynnatura. It wurk op de earste lokaasje – Donkerbroek – is no dus úteinset.