Categorieën
Poëzie

Op it hôf fan Idzegea

It hôf winkt my der fredich by.
De jûnssinne gloedet it hop read.
Ast hjir foar de stiennen stiest,
hoechst net mear dea te gean.
Ivichheid hat der delfflijd
en dy yn har opnommen.

Ik gean de sarken bylâns, ien foar ien.
Elts op dit iuwenâlde hôf is kend:
oer en wer in swijend groetsjen út stien.
De sinne sakket, it wurdt skrousk.
It hôf, it wetter, de beammen roerleas.
Eat lûkt my oan ‘e earm en wol wêze,
en lústeret: << bliuw hjir no dochs, kom mei. <<

Kin ik ferlitte wat my net loslit?
Yn in trochfielen wurd ik stadich wei.

Willem Abma (1942-2024)

Jo kinne dit skitterende fers bestelle by Karel F. Gildemacher, fia:
karelfgildemacher@gmail.com