Troch Abe de Vries
In laudatio. Oarspronklik in komplimintearjende of oanbefeljende taspraak, in panegyricus, dy’t yn it âlde Grikelân mei syn oratoren en filosofen op folksfeesten hâlden waard, mei as doel om stêden en ynstellingen te ferhearlikjen.
By de Romeinen pakte sa’n taspraak al gau tige loovjend, sels flaaierich út, om’t er yn har kultuer meast rjochte wie ta, of hannele oer in bekend en machtich persoan. Ien fan de bekendsten is skriuwer Cicero syn laudatio op Pompeius út 66 foar Kristus. Dy wie stuolle op it grutte belang dat Cicero oan de republikeinse Pompeius hechte as ferdigener fan Rome tsjin de piratefloaten fan Sisilië. Of nim de slim oerdreaune lofrede fan skriuwer Plinius minor oer keizer Trajanus, út 100 nei Kristus. Earme Plinius, hy hie noch sá oan Jupiter bidden dat syn rede fierwei bliuwe soe fan de skyn fan flaaien. Ek hjir yn akademystêd Frjentsjer binne oan de eardere universiteit lofredes op it libben fan minsken fan kwizekwânsje hâlden.
Fansels, minsken, helje ik dy feitsjes efkes oan om dit praatsje fan my in heechgeleard smaakje te jaan. Mar ik ha der ek noch in oar doel mei, dêr kom ik aansen op.
Lês fierder fia:
https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/10/om-alles-wat-ik-noch-net-sei-lofrede-op.html