Categorieën
Financiën Fryslân Vervoer

Oanbesteging busferfier Fryslân wûn troch Qbuzz

(tekst: provinsje Fryslân)

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe hjoed, tiisdei 17 oktober, de konsesje foar it iepenbier busferfier yn Fryslân ferliend oan Qbuzz foar de perioade desimber 2024 – desimber 2034. Dit beslút is de útkomst fan in iepenbiere Europeeske oanbesteging dêr’t de provinsje Fryslân earder fan ’t jier mei úteinsette. Ut de oanbieding dy’t Qbuzz dien hat, docht bliken dat Qbuzz gâns mear iepenbier ferfier oanbiedt as dat no it gefal is.

Op 21 july ll. sleat de ynskriuwtermyn foar ferfierders om in plan yn te tsjinjen foar de nije buskonsesje. In kommisje hat de oanbiedings beoardiele oan ‘e hân fan foarôf opstelde kritearia. Op basis fan dy beoardieling hat bliken dien dat Qbuzz it bêste oanbod dien hat.

Deputearre Matthijs de Vries reagearret tefreden op it oanbestegingsresultaat: “Yn ús bestjoersakkoart hawwe wy neamd dat wy ús foar it regionaal iepenbier ferfier ynsette sille. Benammen op it plattelân. De oanbieding fan Qbuzz soarget derfoar dat mear doarpen fêste reismooglikheden krije en der dus mear bussen op it plattelân ride sille.

In skaaimerk fan de oanbieding fan Qbuzz is de grutte ynset op it weromwinnen fan reizgers en it oanlûken fan nije reizgers. Foar de reizger betsjut it dat der, ferlike mei de hjoeddeistige situaasje (2023), in rommere tsjinstregeling komt. Ek wurde reistiden op de haadstruktuer koarter. As lêste krijt Fryslân er nije streekrjochte busferbinings by.

Oare ynskriuwers hawwe seis wike de tiid om beswier oan te tekenjen tsjin it gunningsbeslút. Wurdt der gjin beswier makke, dan is it gunningsbeslút definityf en kin mei de ymplemintaasje úteinset wurde.