De provinsje Fryslân stelt 1,3 miljoen euro beskikber foar it bouwen fan selsstannige wenten yn besteande frijkommende gebouwen. Sa kin gau nije wenromte realisearre wurde en krije leechsteande gebouwen in nije funksje. De regeling wurdt op 1 july 2022 iepensteld.
De provinsje ferwachtet dat de regeling foarsjocht yn in ferlet. Earder koe de Regeling Herbestemming en Sloop yn 2018 nammentlik rekkenje op in soad belangstelling. Ien fan de ûnderdielen fan dizze regeling is permaninte oanpassing fan leechsteande gebouwen ta selsstannige wenromte foar ûnbepaalde tiid. It kin dêrby sawol gean om wenningen yn doarpen as stêden. Dêr is mei-inoar € 960.000, – foar beskikber.
In oar ûnderdiel fan de regeling giet oer it realisearjen fan tydlike selsstannige wenten. Dat part fan de regeling makket it mooglik gebouwen foar maksimaal fyftjin jier ta selsstannige wenten te transformearjen. Neffens de Wet Algemene Bepalingen Omgevingsrecht (Wabo) mei in tydlik gebou op basis fan in tydlike fergunning maksimaal 5 jier pleatst wurde. Troch in oanpassing yn de Crisis-herstelwet (Chw) is dizze perioade ferromme nei 15 jier. Foar dizze saneamde flekswenromte is mei-inoar € 225.000, — beskikber.