(tekst: provinsje Fryslân)
De provinsje Fryslân wurket, yn gearwurking mei partners fan de Fryske Enerzjytafel, oan in nij ynstrumint foar de oanpak fan de enerzjytransysje. It giet om in programma mei projekten fan regionaal (gemeentegrins oer te skriuwen) belang. Troch de hjoeddeistige problemen mei kongesty op it elektrisiteitsnet leit de fokus op de ûnderstasjons yn dit net. Provinsjes stelle dit fêst en dat heart by de nije regierol fan provinsjes yn de ûntwikkeling fan de enerzjy-ynfrastruktuer.
Yn it Programma Meerjaren Infrastructuur Energie en Klimaat (PMIEK) Fryslân 2021 -2025 ferwize wy nei twa projekten út it nasjonale programma (MIEK ): oer de ynfrastruktuer foar wetterstof en de ferbining fan 380 kV heechspanning tusken Vierverlaten en Ens. Beide projekten kinne fan betsjutting wêze foar de enerzjytransysje yn Fryslân.
Visie, kader, programma
It PMIEK Fryslân 2021 -2025 jout ynsjoch yn hoe ’t it enerzjysysteem him yn de takomst ûntwikkelje sil; it befettet in list mei projekten dêr ’t netbehearders Liander en TenneT oan wurkje om yn de takomst de elektrisiteitsfraach te fasilitearjen. Deputearre Steaten stelle eltse twa jier in PMIEK fêst. Yn Fryslân sil dit yn gearwurking mei alle dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel. It folgjende PMIEK sil in wiidweidiger list krije en prioriteit oan projekten jaan.
It ryk, de provinsjes, gemeenten en netbehearders hawwe mei-inoar ôfspraken makke hoe gear te wurkjen. It PMIEK is dêr in ûnderdiel fan. It doel fan de gearwurking is: de transysje nei it Enerzjysysteem 2050. De kommende tiid wurkje wy mei de dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel mei trije ynstruminten wurkje wy oan de ynrjochting fan it Enerzjysysteem 2050 yn Fryslân:
– Enerzjyfisy Fryslân; mei útgongspunten foar de Fryske enerzjytransysje.
– Ofwegingskader; hoe meitsje wy karren yn de planning en programmearring fan projekten.
– PMIEK Fryslân; de oersetting fan fisy nei útfiering.
Gearwurkje
Foar in Enerzjysysteem 2050 wurkje de Fryske oerheden en Liander en de Fryske Enerzjy Alliânsje gear oan de saneamde Fryske Enerzjytafel (FET ). Dit is in amtlik en bestjoerlik oerlis. De Fryske Enerzjy Alliânsje bestiet út 11 maatskiplike organisaasjes dy ’t aktyf belutsen binne by de enerzjytransysje yn Fryslân.
Planning
It Programma Meerjaren Infrastructuur Energie en Klimaat 2021 -2025 is hjoed fêststeld troch GS. De Enerzjyfyzje, it ôfwegingskader en takomstige PMIEK’s binne ûnderdiel fan de útfieringsaginda fan de Fryske Enerzjytafel. Yn it twadde fearnsjier fan 2024 sil de Enerzjyfyzje mei it ôfwegingskader troch de Fryske Enerzjytafel foar fêststelling oan DS oanbean wurde. Dy Enerzjyfyzje is in boustien foar de nije / hersjoene Provinsjale Omjouwingsfisy.
Takomst enerzjy yn Fryslân
Fryslân set foar de takomst yn op in brede enerzjymiks. Elektrisiteit út sinne en wyn en waarmte út geotermy, akwatermy, boaieminergy grien gas en wetterstof. Op lytse skaal sjogge wy ek mooglikheden foar blue enerzjy en tijenerzjy. Wy ûndersykje op hokker wize saneamde enerzjyhubs bydrage kinne oan in balansearre enerzjysysteem, dêr ’t ferskate ferfierwizen fan enerzjy byinoar komme, ynklusyf opslach en omsetting.