Categorieën
Cultuur Financiën Fryslân Godsdienst

Mear as 100 miljoen ynvestearre yn Fryske leefberens

Troch provinsje Fryslân

Bonifatiuskapel yn Dokkum 2000e IMF-projekt

It Iepen Mienskipsfûns (IMF) hat in bysûndere mylpeal berikt: hjoed oerlange deputearre Sijbe Knol in sjek fan €1.000,- om it 2000e projekt op de projektekaart te stypjen. De eare fan it 2000e projekt foel oan de Bonifatiuskapel yn Dokkum. De ynvestearrings fia it IMF drage by oan it fersterkjen fan de leefberens en mienskipssin yn de Fryske doarpen en stêden. Sûnt de oprjochting hat it IMF al tal fan inisjativen stipe dy’t Fryslân fersterkje.

De ôfrûne fiif jier hat it Iepen Mienskipsfûns 1.208 grutte projekten subsidiearre. Yn dy projekten ynvestearre de provinsje mei-inoar €21.647.586,-. Yn trochsneed hiene dy projekten in multiplier fan 4,6. Dat hâldt yn dat tsjinoer elke provinsjale euro €4,60 út de Fryske mienskip komt yn de foarm fan ynvestearringen út fûnsen, partikulieren, bedriuwen en bydragen fan gemeenten. Yn totaal hiene de oanfragen de ôfrûne 5 jier in omfang fan €101.432.282,-. Dêrneist waard út it IMF wei subsydzje jûn om lytse projekten te draaien by en nei de Corona lockdown en foar de Fryslân Ferbynt Dei. Dizze projekten mei-inoar soargje derfoar dat der no 2000 projekten te finen binne op de provinsjale projektekaart.

Deputearre Knol: “It IMF hat de lêste jierren it ferskil makke yn Fryslân. Mei in ynvestearring fan 21 miljoen euro troch de provinsje Fryslân is der mear as 100 miljoen ynvestearre yn de leefberens fan ús Fryske mienskip. Der is yn Fryslân hast gjin doarp dat net betsjinne is troch dit fûns. Hjir kinne wy – ynwenners, frijwilligers, organisaasjesm bedriuwen en oerheden – grutsk op wêze mei-inoar.

Oanfragen yntsjinje foar it IMF Lyts & Grut is mooglik fan moandei 17 maart 2025 09.00 oere ôf oant en mei tongersdei 10 april 2025 17.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende IMF-projekten op Iepen Mienskipsfûns | Fryslan.