Categorieën
Poëzie

Meagere kûten

Ta de neitins fan Hotse. July 2006

Ut de Harnzer haven kaam er wei,
op ‘e fyts, foar it spul fan syn opfolgers
en in smout praatsje mei de maten.
Op ‘e fyts: de measte auto’s wiene te lyts.

Fan ’t jier sil ’t foar ’t earst begjinne
sûnder him. De earste dei sûnder de earste,
no’t syn meagere kûten net mear rinne
harren lange kuier om ’t fjild,

en wa’t de seadden út é grûn keatse
om ‘e nocht, om ‘e neat of foar de krânsen,
hy rint se mis diskear. De bal foar ’t bêst
om it lêste earst foel bûten.

Taktikus, slûchslimme babbelaar,
jeugdheld, net stikken te krijen
skaad fan in geweldenaar!
Aanst stiet oan ‘e stuit in opslagger ree,

sil in sigen oer de perken gean,
it even troch de bolwurksbeammen waaie,
in bewyske seekanter wyn it gers oer aaie
op ’t Sjûkelân, dêr’t er ompanderet

as syn tsientûzen minsken it witten is
dat hjoed de kening behindere is.
Mar op ‘e nij sil de dei begjinne.
Dy dei – wa sille ‘m winne? –

fan syn boatwurkerswjokken op ‘e boppe.
Fan dy Lange, altyd yn foar wat show.
De dei fan twa meagere kûten
yn in faken belappe, ûneinige maillot.

Abe de Vries

Ut: Abe de Vries. Bloedprikke. © 2023 Utjouwerij DeRyp.
€ 17,50 yn ‘e boekwinkel.