Hjoed stie der in prachtige resinsje fan in konsert fan it Rotterdams Philharmonisch Orkest yn’e Volkskrant, wêr’t de 82-jierrige Martha Argerich as pianosolist optreden hie yn it Earste pianokonsert fan Sjostakovitsj.
Se wurdt al fan it begjin fan har karrière ôf bejubele om har pianistyske kwaliteiten, mar net elk optreden fan har giet troch: se hat in protte lêst fan poadiumkoarts en se seit regelmjittich konserten ôf as se har net yn steat fielt yn it iepenbier te spyljen. Mar in fenomeen is se wol, se heart by de grutste pianisten fan ús tiid.
En dat bringt ús wer werom nei begjin 1960, doe’t it noch net sa lang besteande Frysk Orkest in searje konserten joech yn Fryslân mei as soliste in nije stjer oan it firmament, in 18-jierrich famke út Buenos Airos, in sekere Martha Argerich. Se spile op 3 maart 1960 yn’e Ljouwerter Harmonie it earste pianokonsert fan Chopin, en dat hat se ek spile yn Harns, Drachten en yn seal Oostergo yn Grou!
Se waard doe al bejubele troch de resensinten en dat is altiten sa bleaun!
© Liuwe van der Meer