Categorieën
Columns Cultuur Fryslân

LILK?

Troch Liuwe van der Meer

Yn it ferline waarden portretten fan minsken dy’t yn ûngenede foelen hiel faak fernield, út in soarte fan haat; mei it fernielen fan it portret wie de ôfbylding “stoarn”, de ôfbylde persoan wie no echt dea. By de âlde Egyptenaren liet Toetmozes III by de portretten fan syn mem Hatsjepsoet (om ende by 1480 fóar Kr.) en har favorite architekt Senmoet de noas en de lippen stikken slaan, dan koene se net mear sykhelje en wiene dus dea; syn mem hie him jierrenlang bûten it bestjoer holden, hy moat har háte hawwe!

Yn’e Frânske Revolúsje helle it opstandige folk de waaksen bylden fan de kening en de keninginne út it waaksen-bylden-kabinet fan dr. Curtius en syn kompanjon Marie Tussaud en smiet dizze bylden yn’e Seine (gelokkich bleaune de mallen fan Tussaud bewarre!). En doe’t dizze opstandige Frânsen yn 1795 ek de Republyk der Nederlannen “frij” makken, joegen de Fryske Steaten de opdracht oeral de wapens fan iepenbiere gebouwen, poarten en grêfstiennen te fernielen, fuort te beiteljen, want ja, elkenien wie no gelyk, no? Gjin titels en wapens mear! En dus waard ek it wurd “edele” út it râneskrift fan’e stiennen weibeitele. Dat koe maklik, want de letters leine heech.

It tempeltsje fan keunstner Ids Willemsma. © Floriske Gerritsma

En no stie ik moandei yn it tempeltsje fan Ids Willemsma op’e dyk by it Noarderleech en dêr seach ik de memoarjestiennen, dêr dellein om de dyksferheging fan’e jierren tachtich en njoggentich yn it ûnthâld te bringen. Djoere stiennen, de letters lizze ferhege, wat folle bewurkliker is as de letters ýn’e stien te beiteljen, sa as de letters fan’e poëzierûte yn Ljouwert. Mar ferhege letters binne ek kwetsberder: men kin se der ôf kappe, lyk as yn’e Frânske tiid. En hjir wiene in tal letters fuortbeitele: de letters “H.WIEGEL” wiene mei in hammerke, in beitel miskien, kapot slein!

Ik sjoch dat dan foar my: in pear âlde provinsjale PvdA-pommeranten dy’t op in wat winerige hjerstjûn yn’e skimer noch efkes mei in hammerke en in stompe beitel harren gram helje omdat H.Wiegel it yndertiid bestien hie harren grutte lieder út te meitsjen foar Sinteklaas, der binne grif wol mear redenen oan te wizen, want Wiegel wie yndertiid in kleurryk man dy’t der net benaud foar wie om op oare politike teannen om te wâdzjen en ek foar wat tsjustere politike spultsjes draaide er de hân net om. Mar dat is gjin reden om syn namme te fernielen, want dan binne der yn’e provinsje wol mear nammen op stiennen dy’t om my efkes in beurt hawwe mochten!

Wat ik mar sizze wol: de provinsje soe winliken dizze stien ris restaurearje litte moatte, want dit liket nearne op. Mar ja, it tilt net op fan’e minsken, dêr by dat tempeltsje, it waait der faak en by rein kinst der ek mar amper ûnder skûlje, ik tink dat de measte provinsjale ambtners net iens witte dat der sa’n tempeltsje stiet..