Categorieën
Poëzie

LIBBENSTRIID

Hoe teach myn lok, myn rêst en wille hinne,
Hoe wif is my de lege leafde ûntflein.
En wie de hope skriemend hinnetein –
It blomke kwynt by sonken maitiidssinne.

Ik boarte jit it spul fan bernetiden,
Ik song myn liet en lake om soarch en striid
Unwittend fan de rêdde flecht der tiid;
Ik bleau it bern, en libbe yn ’t forliden.

En ûnfertocht bitriek de gloarjedei,
De sinneglâns fan ’t lok dûkt yn ‘e wolkens wei,
’t Wie ’t paradiis dat foar my sletten waerd.

My wie de jeugd de blossumgeur binommen
Fan ’t reine libbenslok foar jimmer skaet…
‘k Sjuch moedeleas de striid fan ’t libben kommen.

Gerben Rypma (1878-1973)
Ut: Ik haw myn dreamen hawn en fragen, 1965.