Categorieën
Cultuur Fryslân Geschiedenis Taal

Lêzing oer de lânskipspoesy fan Obe Postma

Tidens ‘Poëzieweek 2024’ komt Rymke Schuurmans fertellen oer de rol fan it (boere) lânskip yn de poesy fan skriuwer en wittenskipper Obe Postma fan út in ekokritysk eachpunt besjoen.

Mei in ynlieding fan prof. dr. (em.) Goffe Jensma.

In 2023 studearre Schuurmans ôf yn Utert (Nederlandse literatuur en cultuur) mei in masterskripsje oer de rol fan it (boere) lânskip yn de poesy.

Lêzing

Datum:                 snein 28 jannewaris

Tiid:                      14.00 oere

Aantal pers.:        max. 70 personen

Tagong:                8 euro, inkl. museumbesyk (museumjierkaarthâlders,                              Freonen fan it museum en leden Obe Postma Selskip                             fergees)

Plak:                   Fries Landbouwmuseum, Felling 6

Organisaasje:     Fries Landbouwmuseum en Obe Postma Selskip

Graach reserfearje.

Bij it kij-opheljen

In moaie dei; de loft is griis en stil;
De greide hat syn kleur noch sa;
’t Is melkerstiid, de kij, it paadsje lâns,
Traapje bedaard nei d’ âlde jister ta.

Yn ’t hjerst bereinde lân oan leie ich
De lange teisters driuwe op it wiet;
In reauntsjen libbet er yn ’t stille fjild,
Wêr ’t fredich streamke nei de delte giet.

Dêr balt in beest; no net de blide rop
Dy’t foarjiers fleurich opklinkt yn de romt’;
It heart ûnwennich, en wy fiele mei
In frjemde langst nei wat ús sels ûntkomt.

Binn’ it gjin kunden! Sjoch de swarte giet foarop,
Dan Jan en Klaske; trije oer is wat steech;
Dêr draaft de bûnte, ’t weake lân jout mei,
En ’t wetter spat, de âlde nei, omheech.

Wien’ hja ús folk gjin freonen? Simmertiids
Gong ieuwenlang de finne lâns har paad;
En kaam de kjeld yn ’t skrouske winterlân,
De bûnte rige waard nei ’t hege hússtee laat.

It bûthús naam har op; de golle joech
Har ’t geurich hea; dêr suchten, stinden hja;
En ’t libben wie by har yn ’t waarme hûs,
Al ’t geafolk kaam op ’t noflik wenstee ta.

Hjir wie it wurk, mar ek it gol petear;
It boartsjen fan ‘e bern; it swiet gepleach
Fan feint’ en fammetiid; neitinkens noft,
As ’t âlde hert nei wat foarby wie teach.

Da takomst? Sil ús folk nei âlde wenst
Noch heine en warje eigen klei en keat?
Wa seit it? Djoer ferline! Neat as do
Noch fêst, no’t alles wankt en teart!

Obe Postma