Categorieën
Cultuur Fryslân Landbouw Verhalen

It langhûs tusken Jirnsum en Raerd

De Fryske pleats of better sein it Fryske bûthûs is ûntstien út in langwerpich gebou, dat bestiet út in wenhûs, dan in soarte fan mulhûs mei de tsjernmûne en dan yn’e lengte derfan it bûthûs mei in paad der dwers trochhinne en mei oan wjerskanten de kij, mei de konten nei inoar ta, der wiene dus ek twa groppen!

Sydkant fan it langhûs. © Liuwe van der Meer

De kij stiene meast mei har twaën tusken in saneamd hoarnsket. Der rûn gewoan in frij plat dak oer dit bûthûs hinne, mei yn’e midden fan’e naal in saneamde húskiste, in útbou op it dak mei twa lûken dy’t as fentilaasje iepen setten wurde koene. Njonken dit langwerpige bûthûs stie dan de heaberch, mei in ferstelber dak dat men sakje litte koe. Achter dit langhûs lei dan de dongbulte. Dit wie de foarm fan’e Fryske pleats dy’t werom giet nei it begjin fan’e jiertelling, doe’t dit type pleats ek al op’e Fryske terpen stie, en dan fan hout fansels. Sa sil dit type pleats ek de hiele Midsiuwen troch brûkt wêze. Yn’e sechtjinde iuw begûn men dit type pleats fan bakstien te meitsjen.

Stik fan de gevel fan it langhûs. © Liuwe van der Meer

Yn’e santjinde iuw begûn men de heaberch en it bûthûs te oerkaapjen mei in heech grut dak op in swier byntwurk, de iene bûtemuorre fan it bûthûs bleau de bûtemuorre en de oare bûtemuorre waard dan ôfbrutsen en sa foarme dan de romte fan it âlde bûthûs ien gehiel mei de nije skuorre. Dan is is mar in lytse stap nei in nije pleats dy’t daliks in hege skuorre krijt, mei in nij mulhûs en in nije foarein.

Rommelhok yn it langhûs. © Liuwe van der Meer

Sadwaande binne de langhuzen hielendal ferfongen troch de ús bekende pleatsen en bleaune der mar in pear langhuzen bewarre, dy binne dus altiten út’e santjinde, begjin achttjinde iuw. Der stiet noch ien yn Warten, moai restaureard, en der stiet ek noch in langhûsbûthûs yn it Hoflân, tusken Grou en Idaerd, mei in frij modern foarhûs, jo kinne it spultsje lizzen sjen fanôf de dyk tusken Grou en Idaerd.

Justerjûn fertelde Anneke Hellinga my op in gearkomste dat der nóch in langhûs bewarre wie, flak by de pleats wêr’t se opgroeid wie, tusken Jirnsum en Raerd, oan’e Learewei. Dit langhûs wie ek ynboud yn in hege santjinde iuwske kap, mar omdat de skuorre dwers op it langhûs boud wie, wie it langhûs noch bêst as langhûs te herkennen!

It langhûs wer bûtenom. © Liuwe van der Meer

En sadwaande liede de hear Brandse my fannemoarn rûn yn in pleats dy’t er mei eigen hannen wer opboud/ferboud/restaureard hie, as restauraasje-timmerman en metselaar hie er fan 1971 ôf de pleats wer yn in soarte fan santjinde iuwske tastân wer werom boud. Ek de tsjernmûne wie foar in part wer werom kommen.

Der wiene noch altiten grutte stikken muorre, al yn’e santjinde iuw, mooglik sels al yn’e sechtjinde iuw, opboud fan âlde Friezen, grif ôfkomstich fan in sloopt kleaster of sloopte stins. Mar it âlde langhûs sit der noch altiten yn en dat is ek oan’e bûtekant goed te sjen! Brandse hat de bûtekant en it interieur yn in santjinde iuwske styl restaureard, in soad ûnderdielen earne oars wei helle, mar it tegelwurk siet noch op it âlde plak en it gehiel hie in útstrieling dy’t ik net ferwachte hie tusken Jirnsum en Raerd. En dat allegearre sûnder subsydzje! Ik wie der wol efkes stil fan.

© Liuwe van der Meer