Categorieën
Cultuur Fryslân Taal

Kulturele apartheid yn Fryslân

(tekst: Abe de Vries)

Wy libje yn in provinsje dêr’t apartheid hearsket. Kulturele apartheid. Frysktalige en Nederlânsktalige skriuwers en dichters libje yn twa wrâlden. En the powers that be dogge der sa’t liket werklik alles oan om dat sa te hâlden.

As der yn ús lytse hoekje fan ‘e wrâld literêre barrens organisearre wurde, giet it steefêst om barrens foar – yn grutte, grutte mearheid – Nederlânsktalige keunstners. Is dy sitewaasje net in streekrjochte oanfluiting foar wat de te uzes oeral en altyd sa riinsk útsutele meartalichheidspretinsjes oanbelanget?

In skoftsje lyn ha ik hjir yn it Frysk Deiblêd alris wat oer sein: oer it oanboazjend tal literêre festivals dêr’t amper in Frysktalige dichter of skriuwer op de list te bekennen is, meastentiids op in ferdwaalde sprekwurdlike ekskústruus nei.

Ik neamde doe as foarbylden de literêre barrens fan ‘t jier yn Harns, Ljouwert, Dokkum en Slappeterp. Ik tel dêr hjir noch by op de aktiviteiten fan Explore the North, stipe troch Leeuwarden UNESCO City of Non-Frisian Literature. Op de meidoggerslisten fan it spoken word ding Hoge Woorden I, II, III en IV kom ik inkeld Gabriëlle Terpstra as Frysktalich wurdkeunstner tsjin. Mar oft sy wat yn it Frysk of yn it Nederlânsk dien hat, dat wit ik net. En dan hiene we ek noch in iensume Tsead Bruinja op Skiermûntseach, foar wa’t itselde jildt.

Sjoch fierder op: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/