Categorieën
Cultuur Fryslân Geschiedenis

JACOBUS STELLINGWERFF (1667-1727)

Troch Liuwe van der Meer

As wy yn Fryslân de states en stinzen bestudearje, komme wy faak de namme fan Jacobus Stellingwerff tsjin, in tekener dy’t yn’e jierren 1722-1724 in protte tekeningen fan dy gebouwen makke hat en dy’t faak oantsjutten wurdt as “net hielendal betrouber”. No haw ik ek foarbylden fan tekeningen fan Stellingwerff d’t wól betrouber binne, wat bliken docht út lettere printen of sels foto’s fan itselde gebou, dat it is lestich te beoardieljen oft in tekening betrouber is.

Troch myn ferhaal oer Beslingastate yn Friens kaam ik ek wer mei Stellingwerff yn oanrekking, want hy hat de ienige tekening makke dy’t fan it gebou bekend is nei de bou yn 1620 en de ferbouwing yn 1828. Op dy lêste tekening, fan Sjoerd Bonga, likernôch 1830,1840, is it gebou sa folslein feroare, dat der hast wol fan nijbou sprutsen wurde kin.

Bij it sykjen nei geskikt plaatsjemateriaal fan Beslingastate fûn ik net allinne de tekening fan Stellingwerff út 1723, mar ek in tekening dy’t der in protte op like yn’e printekolleksje fan’e Universiteit fan Leiden, mei itselde hûs.

En doe kaam ik der achter dat de hear Stellingwerff syn tekeningen noait op it plak sels makke hat, mar yn Amsterdam wêr’t er wenne, tekeningen útwurke dy’t troch oaren, faak ûnbekende tekeners, makke wiene! Op dizze wize wiene se allegeare yn’e selde styl tekene. Stellingwerf die dit foar printesamler Matheus Brouërius van Nidek (1677-1742), dizze Brouërius stjoerde minsken it lân yn om tekeningen foar him te meitsjen en dy tekeners wiene faak hielendal net sokke bêste tekeners! Ik siz faak: hoe minder tekentalint sa’n tekener hân hat, hoe betrouberder de tekeningen binne(!), want in tekener mei wat minder talint wol beslist gjin detail ferjitte! De moaiste tekeningen fan Liaukamastate fan Seisbierrum, mei de measte details, binne makke troch de timmerbaas dy’t it hûs slope moast!

En sa hat Stellingwerff yn Amsterdam ek in tekening útwurke fan Beslingastate dy’t mei gâns minder talint tekene is, mar dy’t wol in protte details sjen lit. Ik haw se hjir beide by dien; Stellingwerff ferbettert it perspektyf fan’e earste tekening en lit dêrby ek details fuort dy’t op syn foarbyld wól te sjen binne en dy’t de foarbyldtekening ek nijsgjirriger makket: op dizze tekening is de yngongspartij fan it hûs te sjen, dy’t Stellingwerff weilitten hat en dy’t er ferstoppe hat achter de poarte. Beslingastate hie in monumentale yngongspartij, docht no bliken, mei twa liuwen en wapenskylden!

It is lykwols spitich dat rjochtsboppe op’e foarbyldtekening in oar plak neamd wurdt, lestich lêsber trouwens: “Juwinga te Foswerd”, der is dus wol in bytsje twifel oer it hûs. Mar Stellingwerff hat der in hiel dúdlik ûnderskrift by makke en dêr docht ek út bliken dat de tekener fan’e oerferzje blykber saken opskreaun hat dy’t wy no net mear hawwe en dy’t er út’e earste hân hân hat: dizze ynformaasje hat er grif lêze kind op in stien yn’e gevel wylst er stie te sketsen.

It bliuwt yntrigearjend..