Categorieën
Europa Geschiedenis Verhalen

IVANHOEOEOE!!

Juster en hjoed yn Edinburgh, in drokke stêd mei in protte Skotsk nasjonalisme! En oeral sjochtst de grutte Skotten werom, Robert Burns, James Boswell, Sir Walther Scott, se hawwe oeral iten en in skoftsje sitten te praten.

Walther Scott wie ik al earder tsjinkommen! Yn 2009 besochten wy it hûs fan William Worthsworth yn Grasmere yn it Lakedistrikt, Dove Cottage en wy stiene dêr by in rútsje flak by de grûn yn’e keuken fan it hûs en doe fertelde de gids dat de suster fan’ e dichter, Dorothy, foar de gasten en útfanhûzers moarn altiten dikke brij sear. Doe’t Walther Scott by de dichter te gast wie, hie er sa’n hekel oan dy brij, dat er moarns troch it keukenrútsje krûpte en dan nei de herberch slûpte om dêr wat betters te heljen as moarnsbrochje! En sa seagen wy dêr by dat rútsje de ferneamde skriuwer fan Ivanhoe al troch dat rútsje klauterjen; wy, lytse minskjes út Fryslân, hast yn kontakt mei de wrâldliteratuer!

Hjoed hawwe wy it keninklik paleis, Holyrood Castle, besjoen, hjir hat yn septimber 2022 de ferstoarne keninginne Elizabeth II opbiere stien yn’e grutte seal, tusken de skilderijen fan’e Skotske en Ingelske keningen. Der wie noch hiel wat te sjen oer en fan de tragyske Mary Stuart, de Skotske keninginne dy’t it oan’e stok krige mei har nicht Elizabeth I en dy’t nei in finzenisskip fan jierren yn 1587 op in bluodderige wize ûnthalze wie yn opdracht fan Elizabeth. De Skotten hawwe it de Ingelsken noait ferjûn.

Dit paleis is ek in paleis wêr’t keninginne Elizabeth II opbiere lein hat yn’e grutte seal tusken de pertretten fan alle eardere Skotske en Ingelske keningen. Wy krigen in moai byld fan al dy keningen dy’t net allinne kening fan Skotlân wiene, mar ek fan Ingelân. It paleis wie yn ús eagen hielendal net sa grut en fan it kleaster dat der al earder stien hie, wie net safolle mear oer, mar de Skotten slagje der dan wol wer yn dat wy in moai byld krije fan wat der west hat!

Yn’e Kings Gallery wien in nijsgjirrige útstalling oer de moade tusken 1700 en 1830, mei moaie skilderijen, klean en “omballingen”. It ferneamde skilderij fan’e hobospiler Fischer hong der ek, fan Thomas Gainsborough.

Op’e reis troch de stêd kamen wy ek noch in (hiel lytse) optocht tsjin fan minsken dy’t neat witte woene fan it keningshûs: in espeltsje!

Oan’e ein fan ús trip hawwe wy noch Calton Hill opsocht, mei in prachtich sicht oer de stêd; spitich dat myn tillefoan doe leech wie..

Sa, genôch les jûn hjoed, it wie tige de muoite wurdich! Moarn noch ien dei Edinburgh.

© Liuwe van der Meer