Categorieën
Niet gecategoriseerd

It Iepen Mienskipsfûns giet wer iepen

Troch Provinsje Fryslân

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de Provinsje Fryslân fan 2024 oant en mei 2027 mei-inoar €12 miljoen beskikber foar leefberensprojekten yn Fryslân. De earste iepenstelling fan 2024 hat al yn maart/april west en smiet 164 oanfragen op. Fan 23 septimber 2024 ôf is it wer mooglik om in oanfraach foar it fûns yn te tsjinjen.

Foar de twadde iepenstelling yn 2024 is in bedrach fan €1 miljoen beskikber steld, ferdield oer fiif regio’s yn Fryslân (Waadeilannen, Noardwest-, Noardeast-, Súdwest- en Súdeast-Fryslân). It IMF hat fjouwer ûnderdielen: Lytse projekten (maksimaal 10.000 euro), Grutte projekten (maksimaal 50.000 euro), Fryslân Ferbynt en Ferduorsumjen Mienskipsfûns-gebouwen*.

Deputearre Sijbe Knol: “It fûns is wichtich foar Fryslân. It brûst yn Fryslân fan de inisjativen en it is moai dat wy Friezen helpe kinne mei it útfieren fan plannen fan ûnderop.”

Oanfragen en beoardielingskritearia IMF Lyts & Grut

Stichtings, ferienings, koöperaasjes en groepen fan fiif persoanen kinne in oanfraach yntsjinje as se in idee hawwe foar in projekt om de leefberens yn Fryslân te befoarderjen. De yntsjinne projekten wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út ynwenners fan de oanbelangjende regio. Hja kieze op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje krije. De advyskommisje beoardielet dat oan de hân fan de neikommende kritearia: Bydrage oan de Mienskip, Draachflak & Gearwurking, Takomstbestindichheid, Fryske taal of streektaal.

It oanfreegjen fan IMF Lyts & Grut is mooglik fan moandei 23 septimber 2024 09.00 oere ôf oant en mei tongersdei 3 oktober 2024 17.00 oere. Yn novimber giet it fûns iepen foar subsydzje foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen. Dy ferduorsumingsprojekten wol de provinsje helpe mei 50% subsydzje. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende IMF-projekten op www.streekwurk.frl/imf. Jo regionale projektadviseur fan Streekwurk helpt jo graach fierder.

*Oer it iepenstellen fan IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen (moandei 4 novimber 09.00 oere o/m tongersdei 21 novimber 2024 17.00 oere) wurde jo letter ynformearre.