Categorieën
Columns Fryslân Politiek

In seiske foar FNP-listlûker Sijbe Knol

‘Yn Fryslân rinne wy yn in soad saken foarop’, is de earste sin fan in kollumn fan Sijbe Knol, FNP-listlûker foar de oansteande Steateferkiezingen. Jammer genoch makket er net dúdlik wer it Heitelân yn en mei foarop rint.

Efkes fierderop skriuwt Sijbe dat ‘wy wurkje mei tefredenheid mei sawol de hannen as de holle en mei respekt foar it lânskip, ús goud’. Hy snapt fanselts ek wol dat mei name it kultuerlanskip yn de Greidhoeke rounom 1995 al nei de gallamiezen wie.

Ek wiist Sijbe op it gebrek oan betrouwen yn de Haachske polityjk troch skandalen. No, bêste Sijbe yn Sûdwest ha dy ek west. Dêr hat Tsjerk Bouwhuis, FNP-fraksjefoarsitter en doarpsman fan Top en Twel, noch nea wekker fan lein en ek gjin fraach oer stelt. Dat moat mar net, hear ik Tsjerk sizzen.

Ek fynt listlûker Sijbe dat wy stimme moatte: ‘Omdat wy hjir yn Fryslân in eigen oanpak hawwe.’ En ek: ‘Fanút in djip besef dat wy mei inoar troch de tiid moatte.’ Hjir priuw ik de wurden fan de eardere FNP-foarman Jan Bearn Singelsma. Hjir is neat ferkeards oan, Sijbe.

In oar fragmint fan Sijbe is: ‘It mei ek wolris wat rûger.’ Moai sa. Mar dan ek graach in bytsje mear ynhâldeliker. Dyn ferhaaltsje kriget in seiske.

Suskes yn de kampagne Sijbe!

Wiebe Dooper