Categorieën
Cultuur Fryslân

In kânsleaze missy en in Boun op syk nei besteansrjocht

(tekst: Abe de Vries)

Ferrassend nijs yn myn eigen krante: It Skriuwersboun hat in kommisje ynsteld, of sil in kommisje ynstelle, of is fan doel in kommisje yn te stellen as de leden it dermei iens binne, mar dy binne it altyd oeral mei iens, om takom jier trije Fryske proazaskriuwers te nominearjen foar de P.C. Hooftpriis.

As kommisjeleden wurde neamd Sietse de Vries (sjoernalist, thriller- en toanielskriuwer), Pier Boorsma (dichter) en Karin Bies (programmamakker by de Omrop). Ik ha dalik socht nei in nijsberjocht op de site fan It Skriuwersboun – fergees. It nijs wurdt ús ferteld troch Martsje de Jong, lid fan de kommisje dy’t fan ’t jier in boekje gearstalde mei wurk en biografyske gegevens fan tsien Fryske dichters.

Goed. As ik Frysk proazaskriuwer wie – mar gelokkich bin ik dat net – en as ik lid fan It Skriuwersboun west hie – en al like fortúnlik bin ik dat ek net – dan hie ik no efkes de eagen sletten en ta tsien teld. Komoan, ik doch dat dochs mar. …. en tsien. In pear opmerkingen.

Ien. It doel fan it niisneamde boekje, Neigeraden it noarden, sorry, Naar gelang het noorden, wie om de grachtengordeldieren yn de haadstêd, ynklusyf it bestjoer fan de P.C. Hooftpriis, fan it bestean fan dy dichters en har wurk op ’e hichte te bringen. Dat hat grif fertuten dien, allinnich is dêr gjin bewiis fan ta ús komd: ik ha gjin inkelde reaksje út de Rânestêd bespeurd.

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/