Foar my foel alles op syn plak op moandei 12 febrewaris 2024. Ik seach nei de kofje ris op jim webside mei de list fan ynwillige WOO-fersiken oer 2023 en sjoch: myn WOO-fersiken ûntbrieken ; it die bliken, ik koe chatte mei in ambtner! De tsjinstdwaande ambtner skreau my doe dat dy WOO-fersiken fan my noch altiten as “niet afgehandeld” yn’e boeken stiene, dêrom stiene se net yn’e list oer 2023!
As WOO-fersiken nei trije moanne noch altiten yn’e boeken steane as “niet afgehandeld”, dan moat sa’n ambtner him ek wol efkes achter de earen klaud hawwe, liket my, der steane foar in WOO-fersyk fjouwer wiken, heechút seis. Mar it ferbjusterjendste wie foar my dat ik de stikken al in pear moannen hie! Dit ropt by my de fraach op wêr’t de stikken dy’t jimme my yn novimber en desimber 2023 tastjoerd hawwe dan weikomme; hat de gemeente Ljouwert in dûbele boekhâlding, Eelke?
Dizze ûntdekking wie foar my de reden om op 11 maart 2024 in fertroulike brief oan’e boargemaster te stjoeren oer wat ik ûntdutsen hie, mei in tal bewiisstikken en mei op’e slúf it opskrift “strikt persoonlijk en vertrouwelijk” en oantekene fansels. Ik frege om in ûnderhâld.
Dêrop krige ik noch gjin wike letter(!) dyn stopbrief, Eelke, dy’t ik hjir ek bydien haw; minsken meie wolris lêze hoe’t in boarger troch de gemeente Ljouwert oanskreaun wurdt, wat foar toan in gemeentesikretaris oanslacht tsjin immen dy’t er net kin en dy’t al fjouwer jier dwaande west hat om bestjoerlik net-ynteger handeljen út te sykjen en oan’e kaak te stellen. Do hast it yn dyn brief oer it feit dat ik by de gemeente al fjouwer jier oandacht frege hawwe soe foar myn “onrechtmatig ontslag”. Myn bêste Eelke, do hast myn dossier krigen, op 17 juny 2020, en ast it lêzen hiest, hiest ek witte kind dat ik hielendal net ûntslein bin(!), mar dat ik by de gemeente oandacht frege hie foar “onrechtmatige handelingen” fan in tasichthâlder by it iepenbier ûnderwiis, om dêr in integriteitsûndersyk nei te dwaan! Fleanst raar út’e bocht, Eelke!
Op gjin inkele wize giesto yn dyn stopbrief yn op’e ynhâld fan myn brief oan’e boargemaster en wat noch slimmer is: do hast it foech hielendal net om in fertroulik oan’e boargemaster stjoerde brief te beantwurdzjen!
Do hast mar ien doel, Eelke: foarkomme dat ik mei in WOO-fersyk noch mear net-frisse saken ûntdekke kin! Hup, in stopbrief, Haarlemmer oalje foar gemeentesikretarissen!
Alles wat der op it gemeentehûs bard is mei myn dossier en myn brieven en myn WOO-fersiken falt ûnder dyn ferantwurdlikheid en do hast der ek fan op’e hichte west, dat kin net oars.
En dêrom, myn bêste Eelke, dizze iepen brief, mei mar ien doel: ik wol stomme graach noch in petear mei boargemaster Buma hawwe en ik wol ek noch stomme graach in reaksje fan’e boargemaster hawwe op myn brief oan him fan 11 maart 2024; do kinst grif myn brief mei de bijlagen noch wol efkes op syn buro tusken de oare fertroulike stikken skowe. En ik bedoel dus de brief dy’t, foarsjoen fan it opskrift “strikt persoonlijk en vertrouwelijk” en oantekene, op it gemeentehûs fan Ljouwert besoarge is. Dêr hat ien in krúske foar setten. Wiesto dat, Eelke?
Mei freonlike groetenis,
Liuwe van der Meer, Mantgum
Eardere dielen: