Bêste Eelke
Brieven dy’t ik hjiroer skreau oan’e wethâlder, de sektormanager en sels de boargemaster binne noait beantwurde. Myn persoanlike brief oan’e boargemaster, wêryn’t ik frege om in ûnderhâld fanwege it handeljen fan’e wethâlder, is beantwurde troch syn sikretaresse, in petear haw ik noait hân, ik waard troch de sikretaresse ferwiisd nei de klachtekommisje! Dat wie neffens har it adfys fan’e boargemaster! Mar: de klachtekommisje fan’e gemeente ûndersiket gjin yntegriteitskwesjes binnen B&W, dat heart de boargemaster sels te dwaan! Wistesto dêrfan? Ik tink it wol. En dán kom ik op myn WOO-fersiken fan ferline jier, Eelke. Want wat frege ik winliken op?
Yn myn earste fersyk, 14 oktober 2023, frege ik om kopyën fan twa fan myn brieven, ien oan’e wethâlder fan 25 maaie 2020, en in brief oan in sektormanager fan 25 juny 2020 . Yn myn twadde fersyk frege ik om in kopy fan myn brief oan’e boargemaster fan 7 jannewaris 2021, yn beide fersiken giet it simpelwei om trije A4-kes, gewoan dus in pear kopyën fan myn eigen brieven. Ik frege hielendal net nei foar my ûnbekende stikken, Eelke. Wat foar wurk hawwe de ambtners dêr dan fan hân?
Mar de trije brieven hiene ien ding mienskiplik: se binne noait beantwurde troch dejingen oan’t wa’t se stjoerd wiene. Neat mear, neat minder. Hawwe de ambtners it dêr sá drok mei hân datsto my ferbiedst noch mear WOO-fersiken te dwaan? Nee, der is mar ien ferklearring: se koene myn brieven net fine, dy brieven hiene nammentlik gjin registraasjenûmer en se hiene der ek net in datum op stempele fan binnenkomst en dan wurdt it lestich sykjen, Eelke. De legere ambtners krigen in aardich byld fan hoe’t de bestjoerders foar wa’t se wurken harren wurk dien hiene, Eelke.
Twa dagen foardat ik myn opfrege brieven tasjoerd krije soe, waard ik belle troch in juridyske meiwurker: de bêste man wie by it sykjen nei myn brieven “gestuit op een brief die mooglijk het antwoord is op uw brief aan de sectormanager!” en oft er dy ek meistjoere moast. In foar my ûnbekend stik! Fansels, ik wachte al mear as trije jier op dit antwurd en better let as net.
Ik krige myn stikken yn in wûnderlik PDF, sûnder registraasjenûmers, sûnder stempels mei “ingekomen”, myn brieven oan wethâlder en sektormanager sieten yn in PDF mei sechtjin (!) bledsiden, acht bledsiden wiene wyt(!), op twa bledsiden sieten twa folslein swartlakte brieven (dan wurd ik altiten sa nijsgjirrich, Eelke! Want wêrom wurde twa folslein swartlakte brieven nei my meistjoerd? Dan wol ik ek witte wat dêryn stiet, Eelke!) en as lêste wie der in brief by-ynskood mei fjouwer bledsiden (der siet ek noch in bijlage by!) en dy brief wie de koartlyn ûntdutsen antwurdbrief fan’e sektormanager, mei de datum fan 29 juny 2020.
De brief seach der echt út moat ik sizze, printe op gemeentepapier, mar der doogden in pear basale dingen nèt: de brief wie mar twa wurkdagen nei myn brief skreaun, it kenmerknûmer wie itselde as in eardere brief fan har en achter “verzonden” stie neat, gjin datumstempel, neat; yndied, ik hie dizze brief ek noait krigen! Mar it slimste wie dat ús sektormanager yn’e brief trije kear ferwiisde nei in brief fan PvdA-fraksjelieder Ekhart en it dêrby konsekwint hie oer “wethouder Andries Ekhart”, se skriuwt oer “de toenmalige wethouder Andries Ekhart”, mar Ekhart wie op it moment dat de brief skreaun west hawwe soe, 29 juny 2020, al twa moanne wei en boppedat al mear as twa jier gjin wethâlder mear, hy wie ien fan dy PvdA-gemeenteriedsleden, hy siet hielendal net yn it kolleezje! Dêr hie ús sektormanager by it knippen en plakken fan har brief net by stilstien, it wie ek al mear as trije jier lyn fansels. Se sil him wol skreaun hawwe nei’t de juridyske meiwurker by har kaam wie om te freegjen nei myn brief en dêrby sein hie dat de brief neffens de oanfreger net beantwurde wie. Net beantwurdzjen fan brieven hyt “onbehoorlijk bestuur”, is’t net sa, Eelke? Mar in antedatearre falske brief opstjoere is noch wol de helte slimmer, tink ik.
Doe haw ik myn brief oan’e boargemaster ek mar opfrege. Dy kaam yn in PDF fan fjouwer siden, trije gewoan wyt, sûnder registraasjenûmer of datum fan ynkommen. Ik krige doe in gouden tip: freegje in kopy fan de bledsiden fan it register fan ynkommen stikken wêrop’t dyn brieven neamd wurde! Elke brief moat op it gemeentehûs registreard wurde, dat is in standerdproceduere. Fan’e siden fan it register wêryn’t myn brieven oan wethâlder en sektormanager fêstlein liken te wêzen, krige ik in byinoar knipt en plakte kopy mei in soad swartlakte wurdsjes, mar fan’e brief oan’e boargemaster koe men gjin ynskriuwing fine, skreau in ambtner. En krekt dy brief wie wól beantwurde, troch de sikretaresse! En it gekke wie, ik hie trije wiken tefoaren ál in kopy krige fan’e brief! Hoe koene se dy dan fine, sûnder datum en registraasjenûmer? Koart sein, Eelke: wêr komt dy kopy wéi?
Liuwe van der Meer, Mantgum
Wurdt ferfolge.
Diel 1:
https://www.brekt.nl/iepen-brief-oan-eelke-de-jong-gemeentesikretaris-fane-gemeente-ljouwert-1/