Bêste Eelke,
Graach hie ik dy persoanlik in antwurd stjoere wollen op dyn brief fan 15 maart 2024 oan my, mar dyn brief hat dat sels ûnmooglik makke: ommers, my wurdt ferbean om noch kontakt op te nimmen mei it gemeentehûs, fragen en tillefoantsjes fan my sille net beantwurde wurde en ek oare meiwurkers op it gemeentehûs hawwe te hearren krigen dat fragen en tillefoantsjes fan my net beantwurde wurde meie. Jimme neame dit in stopbrief.
As argumint hjirfoar bringsto nei foaren dat ik mei myn WOO-fersiken it ambtlik apparaat te bot beleste hawwe soe.
Myn bêste Eelke, ik haw tusken 2020 en 2024 allinne wat kopyën fan troch mysels skreaune brieven opfrege, trije kear, om nei te gean hoe’t de gemeente dy stikken registreard hie. Want dy brieven wiene noait beantwurde. En dêr sit de èchte reden foar dyn brief! Want de stikken dy’t ik opfrege hie, sieten net yn it gemeente-argyf, dy wiene troch in wethâlder en in sektormanager earne parkeard op in plak wêr’t oaren se net maklik wer werom fine koene. Dêrom wiene dy brieven ek net beantwurde, se bestiene winliken net. En ja, dan wurdt it lestich foar in deagewoane juridyske meiwurker, skaal 5, sokke brieven te finen, no? Hielendal as de oanfreger der eksplisyt bysetten hat dat de brieven oan in wethâlder, in sektormanager en de boargemaster noait beantwurde binne. Dat hyt onbehoorlijk bestuur, net? As in sektormanager dan ferfolgens noch gau efkes yn tûzen hasten in antwurdbrief byinoar knipt en plakt, om dy mei opstjoere te kinnen, en dêrby fouten makket yn’e datearring, yn it registraasjenûmer en yn’e feitelike ynhâld, en dy brief dan noch efkes nei de oanfreger tasjoert as wie er skreaun yn 2020, dan is der wat fundamenteels mis mei de gemeentelike yntegriteit, liket my, Eelke, en do moast dêr fan witten hawwe, lyk asto folslein op’e hichte wêze moast fan wat der feitlik op it gemeentehûs dien is mei myn dossier yn’e perioade 2020-2024.
Yn jannewaris 2020 haw ik fia twa PvdA-gemeenteriedsleden in dossier fan 45 bledsiden oan’e wethâlder fan ûnderwiis taspile, mei it fersyk de ynhâld fan it dossier hifkje te litten troch juristen fan’e gemeente op onrechtmatige handelingen fan tasichthâlders fan OSG Piter Jelles. Der sitte bewizen yn fan in grensoverschrijdend personeelsbeleid op in lokaasje fan OSG Piter Jelles, der sitte bewizen yn dat de foarsitter fan’e Ried fan Tafersjoch klachten oer dat belied ferburgen holden hat foar de oare leden fan’e Ried fan Tafersjoch en dat dizze foarsitter sels de “saak” efkes bûten de Ried om ôfhandele hat; men hat dat personielsbelied dus ek noait ûndersocht.
Dit dossier is troch de wethâlder, holpen troch in sektormanager en de beide PvdA-gemeenteriedsleden, yn’e doofpot stoppe, net ûndersocht, ek noait ynboekt; it bestiet gewoan net. En ek do wist dêrfan, ik haw dy it dossier op 17 juny 2020 persoanlik tastjoerd, mei de opmerking dat it dossier net ynboekt wie en ek dat der gjin jurist nei de ynhâld sjoen hie: myn dossier wie gewoan yn in laad bedarre. Dêr wie ik achter kommen troch in WOO-fersyk, Eelke.
De foarsitter fan’e Ried fan Tafersjoch wie in PvdA-er, ik wist dat net, syn partijgenoaten yn’e gemeenteried hawwe der alles oan dien om in ûndersyk nei de saak te trainearen. Tajûn, ek de D66-fraksje die der sines ta, dy spile ek net swak by. Dat krijst mei in wethâlder fan D66. Sá wurket netwerkcorruptie, Eelke. De gemeente ferskûle him achter it argumint dat se gjin partij wie yn dizze kwesje, it iepenbier ûnderwiis wie op ôfstân setten en de gemeente hie der neat mear oer te sizzen.
Dat is in leagen, Eelke: it gie yn myn gefal net om de skoalle-organisaasje, it gie om de tasichthâlder! De gemeente hat it tasicht op it iepenbier ûnderwiis yn hannen lein fan in Ried fan Tafersjocht, wêrfan’t de leden troch de gemeenteried beneamd wurde. As der by de gemeente dan klachten binnenkomme yn’e foarm fan in dossier mei bewizen, oer de yntegriteit fan in foarsitter fan dy Ried, dan is de gemeente moreel ferplichte dat te ûndersykjen! Sterker, de gemeente is ferantwurdlik foar de yntegriteit fan’e tasichthâlders. Yn alle bestjoerslichums kinne de beneamde of keazen persoanen hifke wurde troch dejingen dy’t harren beneamd of keazen hawwe, dat jildt foar it hynstestamboek, dat jildt foar de keatsklub en it jildt ek foar troch de gemeenteried beneamde tasichthâlders op it ûnderwiis, it is de grûnslach foar ynteger bestjoer!
Liuwe van der Meer, Mantgum
Oare dielen folgje