Troch provinsje Fryslân
De wetterpeilen yn ‘e polders fan fiif Fryske feangreidegebieten binne dizze moanne omheech brocht. It is it begjin fan in fjouwer jier duorjend projekt, dêr’t 40 boeren oan meidogge, wêrby’t yn ‘e simmerperioade de peilen fan sleatten omheech brocht wurde. In tal ûndernimmers kombinearret de peilferheging mei ekstinsivearring fan harren bedriuwsfiering. Dit projekt yn ‘e Fryske feangreide past by it doel om it sakjen fan ‘e grûn en de útstjit fan CO2 te ferminderjen en takomstperspektyf foar de lânbou te hâlden.
Mei dit projekt dogge boeren op grutte skaal ûnderfining op mei peilferheging. Dat op frijwillige basis. Yn it projekt giet it om mei-inoar 1529 hektare Fryske feangreidegrûn. Ut ûnderskate gebieten wei hawwe boeren yn gearwurkingsferbannen by de RVO (Rijksdienst voor Ondernemend Nederland) subsydzje oanfrege, út de regeling ‘Samenwerking in veenweidegebieden en Natura2000-overgangsgebieden’. Dy regeling is ûnderdiel fan it mienskiplik lânboubelied (GLB).
Ferkenne
It subsydzje biedt de dielnimmende boeren de kâns om ta aksje oer te gean, by te dragen oan minder CO2-útstjit en de mooglikheden foar de takomst te ferkennen: hoe kinst as ûndernimmer yn de bedriuwsfiering op de hegere wetterpeilen ynspylje. De boeren likegoed as it Feangreideprogramma Fryslân ‘Foarút mei de Fryske Feangreiden’ ferwachtsje mei dit projekt in soad ynsichten op te dwaan.
It wieter wurden en ekstinsivearjen fan lânbougrûn
De dielnimmende boeren sille (in part fan) harren grûn fjouwer jier lang fan 1 april oant 1 oktober ‘wieter meitsje’. Dat wol sizze dat de peilen in heal jier lang omheech brocht wurde, op de measte perselen oant 40 sintimeter ûnder it meanfjild (en op in oantal -30 of -20). Dêr krije sy in fergoeding foar. Doel is om it fean yn ‘e simmer wiet te hâlden en sa feanoksidaasje te kearen. Tagelyk wurdt ûndersocht wat de hegere peilen dogge mei de kwaliteit fan it gers en de opbringst fan it gewaaks. Guon boeren dy’t meidogge ekstinsivearje harren bedriuw troch harren feebesetting werom te bringen nei in nivo fan 150 of 100 kgN (kilogram stikstof út dierlike dong de ha). Se wurkje dan mei minder fee de hektare grûn – bygelyks by 150 kgN is dat 1 oant 1,3 molkko ynklusyf byhearrend jongfee de bunder – wêrtroch’t it bedriuw minder stikstof útstjit, mar ek minder molke leverje kin. De subsydzje kompensearret de legere opbringst fan it gewaaks en de legere molkeproduksje.
Reduksje 6000 ton CO2
Doel fan de hegere peilen is minder útstjit fan CO2 te realisearjen, it sakjen fan ‘e grûn foar te kommen en dêrmei oan takomstbestindige lânbou by te dragen. De maatregels om de lânbougrûn wieter te meitsjen binne mei-inoar goed foar in reduksje fan goed 6000 ton CO2-útstjit yn ’t jier. Dat sifer is berekkene mei it rekkenmodel SOMERS 2.0 fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO). Op grûn fan it Fryske Feangreideprogramma soarget Wetterskip Fryslân foar wetterfergunnings, keardammen, peilbehear, begelieding en monitoaring.
Fiif gebieten en 1529 hektaren
Om oanspraak meitsje te kinnen op de regeling, moasten boeren mienskiplik gebieten fan op syn minst 200 hektare oandrage. Yn Idzegea e.o. binne twa gearwurkingsferbannen aktyf mei dit projekt. Mei-inoar giet it yn Idzegea e.o. om 791 hektare grûn. Yn Aldeboarn-De Deelen, Hegewarren en Leechlân Grou-Warten tsjinnen njoggen boerebedriuwen mei-inoar harren oanfraach yn. Sy krigen subsydzje foar mei-inoar 407 ha. Ut it Akkrumer Goedland hawwe sân dielnimmende bedriuwen foar mei-inoar 331 ha subsydzje takend krige.
Monitoaring
Troch yn ‘e simmer mei in heger peil te wurkjen, ûndersykje de boeren wat der mooglik is om gongbere lânbou te behâlden. It lân moat te bewurkjen wêze en de kosten en opbringst yn balâns. Foar it earst wurdt de peilferheging op frij grutte skaal trochfierd, sadat in soad praktykûnderfining opdien wurdt. Dy ûnderfining kin aanst brûkt wurde foar boeren yn it hiele feangreidegebiet. Monitoaring is dan ek in wichtich ûnderdiel fan it projekt. De taak fan behear en monitoaring fan it wetterpeil leit by it Wetterskip. Ek de monitoaring foar bygelyks de kwaliteit fan it gers en de opbringst fan it gewaaks wurdt ynrjochte.