Categorieën
Columns Geschiedenis Politiek

HADJEMEMAAR

It wie op woansdei 15 maart in moaie jûn, mei al dy útslaggen! Al dy bliere BBB-gesichten, en al dy oaren dy’t ferlern hiene, mar dat ferlies op wûnderlike wize hast wer om wisten te setten yn winst mei formulearringen wêr’t it orakel fan Delfi noch wat fan leare koe! Polityk, it bliuwt boeiend.

En tagelyk begruttet it my. Al dy bliere BBB-ers dy’t noch gjin weet hawwe fan’e ellinde wêryn’t se oer in heal jier, in jier miskien, bedarre binne, as se merke dat se as nijkommers al dy politike spultsjes net behearskje. Dy stikeme tillefoantsjes, dy ferninige app-kes fan oare partijen, de lytse en grutte skandaaltsjes dy’t troch iverige journalisten út hast fergetten bearputten opdjippe wurde en dy’t ús as kiezers wer ris dúdlik meitsje sille dat neat minsliks ek dy BBB-ers frjemd is. It wurde wer gouden dagen foar de skriuwende parse! Ommers, gjin inkele partij dy’t yn ien klap hiel grut waard, hat it rêden, sjoch LPF, sjoch PVV, sjoch FfD, se hawwe nea de ferantwurdlikheid droegen en se ferwurde altiten wer ta krimp-partijen dy’t in skoftsje foar fermaak soargje, en dan troch harren eigen ynwindige ferdieldheid wer ferdwine. Ja, ek foar skiednisdosinten en dosinten maatskippijlear binne dit wer gouden dagen, de skiednis herhellet himsels hyltiten wer, jo sjogge it patroan.

En dan tink ik wer oan Hadjememaar. Cornelis de Gelder (1856-1931) wie in Amsterdamske metselaar-gasfitter-akrobaat-swerver cq swalker-strjitsjonger, dy nei twa kear syn frou ferlern te hawwen de soarch foar syn fiif bern net mear oankoe en op’e strjitte bedarre. Dêr song en dûnse er wat om wat sinten byinoar te skrabjen om spiritus keapje te kinnen, it goedkeapste alkoholyske drankje.

Yn 1916 waard er frege om reklame te meitsjen foar in nije revue fan Louis Davids, “Had-je-me-maar”, mei in lietsje mei de djipsinnige tekst “Hadjememaar, met een knakie erbij. Hadjememaar, met een lokkie opzij. Hadjememaar, wat je hoort en wat je ziet. Ik wil wel met je vrijen, maar mijn centen krijg je niet” Dit liet song De Gelder ek op’e dyk, op it Rembrandtplein, en sadwaande krige er sels ek de bijnamme Hadjememaar.

Yn 1921 wie der in groepke anargisten yn Amsterdam dy’t oan Hadjememaar fregen om listlûker te wurden fan de Vrije Socialistische Groep, se woene oantoane dat ek in swerver wol keazen wurde koe yn’e gemeenteried! De partij krige al gau de namme Rapaille Partij en op 12 maart 1921 stelde Hadjememaar him kandidaat. It program bestie, krekt as by de BBB, mar út in pear dúdelike punten: jajempies (jenever) net djoerder as fiif sinten, bôle net djoerder as 11 sinten, en fet net djoerder as 35 sinten. Ek frij fiskjen yn it Vondelpark stie yn it partijprogram.

HADJEMEMAAR in 1921.

Hadjememaar en twadde man Bertus Zuurbier, waarden yn’e gemeenteried keazen! Flak foar de ferkiezings waard Hadjememaar oppakt fanwege iepenbiere dronkenskip en siet dus yn Feanhuzen doe’t de ferkiezings holden waarden. Yn Feanhuzen tekene er in ferklearring dat er syn sit net ynnimme soe. En ja, Zuurbier en hij wiene de ienigen op’e list, dat der kaam gjinien yn it plak fan Hadjememaar.

Yn Feanhuzen folge er in ûntwenningskuer, wie net mear yn it iepenbier dronken, handele wat en wenne, earm as in lús, yn in loazjemint fan’e gemeente.

Yn novimber 1931 woe er oerstekke by it Leidse Bosje, en waard doe oanriden troch in auto. Yn it Binnengasthuis ferstoar er op 30 novimber 1931.

No sjoch ik Caroline van der Plas noch net op’e dyk stean te sjongen, mar it foarbyld fan Hadjememaar lit wol sjen dat it mei gelok en súkses yn’e polityk wol alle kanten op kin…

© Liuwe van der Meer