Categorieën
Boeken Bolsward Cultuur Fryslân Literatuur

Gysbert Japicxpriis 2023 útrikt oan Jetske Bilker

(tekst: provinsje Fryslân)

Op sneon 14 oktober waard de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste provinsjale priis foar Fryske literatuer, oan Jetske Bilker útrikt. Se krige de priis foar har roman ‘Spegel en sonde’ mei as tema demintens. De priis waard troch taaldeputearre Eke Folkerts oerlange.

De útrikking wie yn de Martinitsjerke yn Boalsert, it berteplak fan de dichter en skriuwer Gysbert Japicx. De winneres krige in oarkonde, 10.000 euro en 5.000 euro om it wurk oersette te litten.

Deputearre Folkerts spruts by de útrikking loovjend oer it boek. Neffens har “krûpt it ferhaal je ûnder de hûd op in ûngemaklike wize. It skuorret. In boek dat dat berikke kin, is in hiel goed boek.”

De Lytse Gysbert Japicxpriis is foar Sytze de Haas.

De Lytse Gysbert Japicxpriis waard dizze middei ek útrikt en gie nei de 11-jierrige Sytze de Haas fan Jorwert. Dy priis is bedoeld foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch learlingen út groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân. De priis waard troch wethâlder Petra van den Akker fan de gemeente Súdwest-Fryslân oerlange. Sytze ûntfong De Gouden Fear en in oarkonde, en hy mocht, lykas Jetske Bilker, syn hantekening op in spesjaal boerd yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx, sette.

Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre ûnderskieding foar oarspronklik Frysk literêr wurk en wurdt sûnt 1947 útrikt. De priis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t advys krije fan in advyskommisje. De twajierlikse priis is ôfwikseljend foar Fryske proaza en poëzy en is neamd nei Gysbert Japicx (1603-1666), dy’t beskôge wurdt as de grûnlizzer fan it Frysk as moderne skreaune taal. De advyskommisje foar dizze 38e edysje bestie út Jelma Knol, Rieuwert Krol en Jarich Hoekstra, sy beoardielen likernôch 75 boeken mei proaza út de perioade 2019-2022.